Hast ien op de fjouwer wenten yn Fryslân hat sinnepanielen
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Friezen kieze hieltyd faker foar sinnepanielen. Underwilens binne op 24,8% fan de Fryske wenningdakken panielen te finen. De provinsje telt neffens de resintste data sa’n 74.900 wenten mei sinnepanielen, in stiging fan 181% neffens 2017. Ynwenners fan Eaststellingwerf binne yn Fryslân de grutste leafhawwers fan sinne-enerzjy. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan CBS en de Klimaatmonitor.

Foto: pixabay.com
Yn Nederlân hat sa’n 17,8% fan de wenten sinnepanielen op it dak. Yn ferliking mei de rest fan it lân hawwe yn Fryslân dus in protte ynwenners yn sinnepanielen ynvestearre. Independer enerzjy-ekspert Joris Kerkhof: “Wy hawwe gebrûk makke fan de resintste sifers, mar dy binne fan juny ferline jier. Trochdat de gaspriis heger wurden is, sil it tal no noch heger lizze. Minsken moatte sels harren sinnepanielen ynskriuwe by energieleveren.nl. Dan wit Netbehear Nederlân dat se enerzjy weromleverje. Op dy wize komt de ferrekkening dan ek op ’e enerzjyrekken terjochte. Mar it is goed om it nochris yn it domein fan de enerzjymaatskippij te kontrolearjen.”
Hoe’t it der mei de sinnepanielen yn de ferskillende gemeenten hinne leit is op de wiidweidige sinnepanielekaartsjes fan Independer te besjen..
Ynwenners Eaststellingwerf grutste leafhawwers fan sinne-enerzjy
De ferskillen tusken gemeenten binne grut. Yn Eaststellingwerf binne nei ferhâlding it faakst sinnepanielen op dakken te finen (37,4% fan de wenten). Yn Harns hawwe in protte ynwenners ek yn sinne-enerzjy ynvestearre. De top 5 fan Fryske gemeenten mei sinnepanielen op it dak is:
- Eaststellingwerf (37,4%)
- Harns (35,5%)
- Dantumadiel (33,5%)
- Weststellingwerf (31%)
- Tytsjerksteradiel (30,5%)
Op Skylge (15,1%) hawwe wenten yn ferhâlding just it minst faak in ynstallaasje op it dak om duorsume enerzjy op te wekken, folge troch It Amelân (17,5%).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje