Grutte winst foar Frysk-Deenske partij SSW
Resint ferskynd

Snein koene de ynwenners fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein nei de stimbus om in nije regionaal parlemint te kiezen, de lândei. De partij dy’t opkomt foar de Deenske en de Fryske minderheid yn de dielsteat, de SSW, die it opfallend goed. Neffens in rûzing soe de partij fan 3 nei 5 sitten ta gean. De SSW hat likernôch seis persint fan de stimmen. Dat is rom boppe de kiesdrompel fan fiif persint. As minderhedepartij hoecht de SSW dy kiesdrompel nammers net te heljen.
De grutste partij wurdt neffens ferwachting de CDU fan de populêre minister-presidint Daniel Günther. Dy partij stiet neffens rûzings no op 33 sitten. Foar in mearderheidskoälysje binne 35 sitten nedich.
Noch net alle stimmen binne teld dat de definitive sitteferdieling is noch net bekend.
Lokwinske!