GGD: trije wike karantêne foar nauwe kontakten mei apepokkepasjint

maaie 23, 2022 08:40

De GGD freget minsken dy’t nau kontakt hân hawwe mei ien by wa’t de apepokkesykte fêststeld is, om trije wike yn karantêne te gean. It is in foarsoarchsmaatregel; oft de karantêne dan ek trije wike duorret, is net te sizzen. By in negative test soe de karantêne opheft wurde kinne.

Foto: pixabay.com

It karantêne-advys wurdt benammen jûn oan minsken dy’t seksuele en ‘hûdkontakten’ mei besmette minsken hân hawwe. Dat binne neffens it RIVM heechrisiko-kontakten. It RIVM lit lykwols witte dat men fan de apepokkegoarre net tige siik wurdt.

It firus kin fia de slymfluezen en iepen wûntsjes it lichem ynkomme. Apepokken kinne ek oerdroegen wurde fia it focht út de blaaskes of út de mûle-kielholte, berjochte it RIVM en de WHO warskôget ek foar drippen út de luchtwegen.

Freed waard yn Nederlân it earste gefal fan apepokken fêststeld, nei’t de goarre al yn oare Europeeske lannen konstatearre wie. Minister Kuipers fan Folkssûnens neamt apepokken nei in RIVM-advys in saneamde A-sykte, dêr’t in meldplicht by jildt.

maaie 23, 2022 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.