Geologysk Wykein yn Natuermuseum Fryslân
Resint ferskynd
Jierliks organisearret de GEA-kring Fryslân in Geologysk Wykein yn it Natuermuseum Fryslân. Dit jier wurdt it evenemint op 14 en 15 maaie holden. It wykein stiet folslein yn it teken fan bisten en minsken dy’t yn Doggerlân libbe ha, in prehistoaryske wrâld yn de Noardsee.

Foto: Natuermuseum Fryslân
Yn it atrium fan it museum steane ferskate replika’s fan bisten út dy rite, lykas in mammoetpoppe, in rendier, in reahart en in muskusokse. Der binne ek fossile bonken en deadskoppen te sjen, mei as topstik it folsleine bonkerak fan in hoalebear.
Yn it Geologysk Wykein litte leden fan de GEA-kring Fryslân harren moaiste fynsten sjen: mineralen, swalkstiennen en fossilen. Dy binne ek te keap. Fierder wurde foar bern ferskate aktiviteiten organisearre: bern kinne in fossyl of mineraal út gips hakje, sels op syk nei fynsten yn it sân, der is in grabbeltonne en in (fergeze) kwis mei in moaie beleanning. Koartsein, der is fan alles te sjen en te belibjen yn it wykein.
Yn it Geologysk Wykein jildt in spesjale tagongspriis fan € 5 de persoan (UnderWetterSafary net ynbegrepen).

Foto: Natuermuseum Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje