Geande en kommende Steateleden
Resint ferskynd
Yn de Steategearkomste fan 25 maaie 2022 hat Esther de Vrij (VVD) ôfskied as Steatelid nommen. Sy giet fierder as riedslid yn gemeente De Fryske Marren.
Martijn Brands nimt har plak yn. Brands (26) is berne yn Hoorn en wennet no yn Ljouwert. Hy is trainee by de provinsje Grinslân foar it Nationaal Programma Groningen.

Beëdiging Martijn Brands. Foto Prov. Fryslân
Om de tydlik ôfwezige Cees Riezebos (PVV) te ferfangen is yn deselde gearkomste Jeffrey Graansma as Steatelid beëdige. Graansma (22) komt fan Boelensloane en is studint Bestjoerskunde en Oerheidsmanagement oan NHL Stenden. Hy is riedslid yn de gemeente Achtkarspelen en wie sûnt 2019 al kommisjelid foar de PVV-fraksje yn Provinsjale Steaten.

Beëdiging Jeffrey Graansma. Foto Prov. Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje