FUMO: Fryske boeren soargje better foar de greidefûgel

maaie 6, 2022 08:37

It beskermjen fan de natuer is regele yn de Wet natuerbeskerming (Wnb). Troch dy wet hawwe boeren in soarchplicht foar greidefûgels. Tafersjochhâlders Wnb fan de FUMO kontrolearje oft boeren har dêroan hâlde en konkludearje: “It giet stadichoan de goede kant op. Boeren hâlde hieltyd mear rekken mei de greidefûgel. Mar we binne der noch net.”

Skries (foto: Wikipedia/Hans Hillewaert – CC BY-SA 4.0)

Ferskate organisaasjes dy’t te krijen hawwe mei de soarchplicht foar greidefûgels (û.o. de Lân- en Túnbou-organisaasje Noard en it Nederlânske lânboufakbûn) ûndertekenen tongersdei 10 maart it Ofsprakeramt Greidefûgels Fryslân. Dêr steane unifoarme ôfspraken yn foar it behâld fan de greidefûgel, lykas de ôfspraak om rom om de nêsten hinne te meanen en om nachts gjin wurk op it lân út te fieren.

FUMO kontrolearret op soarchplicht greidefûgels
De FUMO konstatearret dat de measte boeren mei de greidefûgels rekken hâlde. Moai wat boeren stekke in protte enerzjy yn it behâlden fan greidefûgels. “Mei de steefêste oertrêders liket it stadichoan de goede kant op te gean”, seit Pieter Hofstra, direkteur fan de FUMO. “Dat komt nei alle gedachten trochdat der it ôfrûne jier in protte omtinken foar west hat. Mar kontrôle bliuwt nedich.”

Mei boeren en leanbedriuwen dêr’t fan tocht wurdt dat dy harren net oan de soarchplicht hâlde, giet de FUMO yn petear. Rjochte op previnsje om úteinlik dochs de greidefûgel te beskermjen. Dat smyt oant hjoed-de-dei goede resultaten op. Dêr’t dat noch net it gefal is, bygelyks om’t neisoarch net akseptearre wurdt of de neisoarch net op tiid ynformearre wurdt, besiket de FUMO de neisoarch goed yn posysje te setten. Tsjin boeren dy’t mei opsetsin net oan de soarchplicht foldogge, treedt de FUMO hanthavenjend op. Dat hat dit jier noch net nedich west.

Gearwurking kriget mear foarm
Pieter Hofstra: “It bewust oertrêdzjen fan de soarchplicht wurdt hieltyd minder akseptearre. Wy krije mear sinjalen fan (potinsjele) oertrêders. It is terjochte dat dy lûden oan ús trochjûn wurde. Wy moatte sunich op de greidefûgels wêze. Oertrêders skeine it imago fan boeren yn it algemien en dat is nearne foar nedich.”

maaie 6, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.