Fryske trouseremoanje oant 54% djoerder as ferline jier

maaie 3, 2022 09:38

Boaskje yn in Frysk gemeentehûs is dit jier opnij djoerder wurden. Spantsjes betelje 6,9% mear as yn 2021 om op freed it jawurd te jaan, de populêrste troudei fan ’e wike. Op gemeentenivo rint dy taname sels op oant 54,1%. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl nei de mienskiplike troukosten yn 2022.

Foto: morguefile.com

Neffens ferline jier is it taryf foar in trouwerij op freed it meast tanommen op Skiermûntseach (+54,1%). Yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel (+12,5%) giene de kosten foar in houlikssluting mear omheech as yn oare Fryske gemeenten. In stikmannich gemeenten keas derfoar om it taryf net te ferheegjen: Eaststellingwerf, It Amelân, Flylân en Noardeast-Fryslân.

Ljouwert rekkenet heechste kosten jawurd op freed
Ferline jier koste in trouseremoanje op freed yn trochsneed noch € 314,15, mar dat bedrach is ûnderwilens oprûn nei € 335,92. Gemeenten hantearje in grutte fariaasje oan tariven. Waadhoekers betelje € 185 om op freed yn it houliksboatsje te stappen, wylst ynwenners fan Ljouwert goed fjouwer kear safolle kwyt binne mei € 802,35. De alderdjoerste seremoanje yn Fryslân is lykwols sneons yn Ljouwert: foar in houlikssluting op dy dei betellet in breidspear dêr mar leafst € 1.018.88.

Nettsjinsteande Keamerfragen: gjin feroaring yn belied
Sarah Glasbergen fan ThePerfectWedding.nl fynt de ferskillen opfallend: “Dat de seremoanjetariven sa faninoar ferskille is eins wol nuver, want wy hawwe by alle gemeenten allinnich nei deselde seremoanje sjoen, mei in wiidweidige taspraak fan in trou-amtner. In jiermannich lyn hawwe wy dêr ek al ûndersyk nei dien en binne der sels Keamerfragen oer steld. It fernuveret my dat dêr noch hieltyd neat mei dien is.”

Top 3 Fryske gemeenten mei goedkeapste seremoanjes, troch de wike:

  1. Waadhoeke: € 185,00
  2. Flylân: € 199,00
  3. Harns: € 223,75

Top 3 Fryske gemeenten mei djoerste seremoanjes, yn it wykein:

  1. Ljouwert (sneons): € 1.018,88
  2. Skylge (sneins): € 922,65
  3. Opsterlân (sneons): € 900,00

Sjoch hjir foar de kosten foar boaskjen yn alle gemeenten.

Undersyksmetoade
ThePerfectWedding.nl sammele de tariven op de trouside fan de websiden fan alle 345 gemeenten. Om it taryf foar in dei te berekkenjen, is de trochsneed fan de kosten moarns en middeis nommen. De trochsneedtariven de provinsje foar sneons en sneins binne basearre op de gemeenten dêr’t dy dagen boaske wurde kin.

Om it tanimmen of tebekrinnen fan de gemeentlike tariven fêst te stellen, binne alle tariven ferlike mei dy fan ferline jier. Mei’t der dit jier trije nije gemeenten by kommen binne, is fan Maashorst, Land van Cuijk en Dijk en Waard gjin feroaring yn it taryf te mjitten. Weesp is ûnderwilens opgien yn de gemeente Amsterdam, mar is noch wol yn it ûndersyk meinommen, trochdat earder dit jier noch wol in troutaryf foar de gemeente bekend makke waard.

maaie 3, 2022 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.