Frysk Fersetsmuseum toant Fryske befrijingsrokken
Resint ferskynd
Fan tongersdei 5 maaie ôf presintearret it Frysk Fersetsmuseum De Befrijingsrok: Libbensferhalen yn lapkes. Yn de halpresintaasje wurde de persoanlike ferhalen efter tolve Fryske befrijingsrokken toand.
De rokken en ferhalen binne sammele troch in iepenbiere oprop dy’t it museum yn maart die. Sjoernalist Lieke van den Krommenacker en fotograaf Marleen Annema binne troch Fryslân reizge om de oarspronklike draachsters of harren (berns)bern mei de rok te fotografearjen en de befrijingsferhalen op te tekenjen.
It einresultaat is oant en mei 12 juny yn ’e museumhal te sjen. In tagongskaartsje is net nedich om de halpresintaasje te besytsjen. De ferhalen en rokken binne ek online te besjen fia friesverzetsmuseum.nl/bevrijdingsrok.

Foto: Marleen Annema
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje