Folle minder jild foar Fryske taal en kultuer

maaie 17, 2022 20:00

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren struktureel 7,2 miljoen euro besunigje. Neffens deputearre Friso Douwstra is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje yn de reade sifers bedarret.

Besunigje betsjut ek pynlike besluten nimme, lykas 1,6 miljoenen besunigje op it budzjet foar taal en kultuer mei yngong fan 2025. De provinsje wol ek de provinsjale diken en farwegen soberder ûnderhâlde. Deputearre Douwstra fan finânsjes sprekt fan in ‘sobere en doelmjittige’ begrutting. “Dêr hearre ek pynlike besluten by. Besunigje op taal en kultuer dogge je leaver net, mar as it jild op is, kin it net oars.”

De finansjele problemen wurde feroarsake troch koroana, ûntjouwings op stikstofmêd en de gefolgen fan de oarloch yn Oekraïne, seit it provinsjebestjoer.

De provinsje wurdt neffens him troch de finansjele realiteit fan de lytsere begrutting twongen om kritysk nei it eigen takepakket te sjen. De provinsje wol ek mei yngong fan 2024 ophâlde mei it finansierjen fan de fjirde trein dy’t elk oere fan Ljouwert nei Zwolle rydt.

“Wy wolle in betroubere oerheid wêze. Wy sille ús dêrom oan alle rinnende ôfspraken hâlde”, fertelt Douwstra. “Mar as sa’n ôfspraak foarby is, kin dat betsjutte dat in subsydzje minder wurdt, of fuortfalt, seker as it om in aktiviteit giet dy’t gjin provinsjale taak is.”

Provinsjale Steaten sille ein juny teset oer de ‘sobere en doelmjittige’ begrutting fan Friso Douwstra.

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 17, 2022 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gauke maaie 17, 20:30

    NL hat soarge foar linguistyske genoside, tiid dat sy de beurs lûke om dat goed te meitsjen. Dat soe bygelyks ek sa wêze moatte foar it ferfryskjen fan de plak- en strjitnammen dy’t eartiids ferplicht Hollânsktalich wêze moasten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.