Foar it earst planten kweekt yn moannegrûn
Resint ferskynd
Amerikaanske wittenskippers hawwe foar it earst planten groeie litten yn grûn dy’t fan de moanne ôfkomstich is. De ûntdekking dat planten útsprute kinne yn bûtenierdske boaiem kin fan grut belang wêze foar takomstige romtemissys, mar kin faaks ek op ierde tapast wurde.

Moanneplantsjes (foto: NASA, UF/IFAS, Tyler Jones)
De ûndersikers hiene earder al ris planten groeie litten yn ierdske ierde dy’t sterk op moannegrûn liket. Dêrom krigen se fan NASA by hege útsûndering de kâns om in folgjend eksperimint mei echt moannestof út te fieren: de groep krige tolve gram materiaal dat sammele wie by Apollomissys 11, 12 en 17.
De groep brûkte tige lytse blompotsjes sa grut as in fingerhoed om de plantsjes yn útsprute te litten. Dêr waard hieltyd ien gram grûn, fiedingsstoffen, wetter en wat sied fan de blom Arabidopsis yn lein. Der waard foar dy plant keazen omdat dy stûf is en dêr it hiele genoom fan yn kaart brocht is.
It sied rûn yn trije dagen út. Oant in dei of seis ûntwikkelen de plantsjes har lykas harren soartgenoaten dy’t yn kontrôlegrûn plante wiene, fulkanyske ierde dy’t wat struktuer en gearstalling oangiet it meast op moannegrûn liket. Nei seis dagen blieken de moanneplantsjes it dochs wat dreger te krijen. De plantsjes bleauwen lytser, bledsjes ferkleuren en de woarteltsjes blieken minder djip te rikken. De groep ûndersikers tinkt dat dat ûnder mear kaam trochdat de kerrels fan de moannegrûn, regolyt, skerper binne as dy fan grûn op ierde. Dat makke it foar de woartels dreger om in paad te finen.
Dochs binne de ûndersikers optein. “Yn ’e takomst wolle wy de moanne miskien as springplanke foar langere romtemissys brûke. Dan kinne wy grûn dy’t dêr al is brûke”, seit ien fan de ûndersikers. Moanneboulân kin dan faaks iten jaan, mar ek soerstof opleverje. It wurdt dêrom net útsletten dat de NASA nochris moanneboeren de romte yn stjoert.
NASA wiist derop dat net inkeld astronauten yn ’e takomst faaks wat oan it ûndersyk hawwe. Planten ferbouwe yn de rûge moannegrûn soe ek liede kinne ta ynsjoggen yn hoe’t planten op ierde yn radikaal oare grûn kweekt wurde kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje