Fideo: Liet Ynternasjonaal 2022
Resint ferskynd
In dei foar it grutte Eurofyzje Sjongfestival waard it Minderheidstalesjongfestival Liet Ynternasjonaal holden. Dat wie yn de Deenske stêd Tønder. Op Himelfeartsdei komt Omrop Fryslân mei in gearfetting dêrfan, mar de folsleine útstjoering is hjirûnder werom te sjen. Dy duorret mear as trijeninheal oere, mar der kin fansels trochhinne ljept wurde. De Noard-Fryske bydrage is bygelyks nei omtrint trije kertier oan bar en de Fryske nei in goed oere. De winner fan de publykspriis Emanuele Pintus fan Sardinië sit dêr tuskenyn en de winnende Doria fan Korsika komt oan de ein nochris foarby.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje