Feie Fonyk: De minsken sels moatte it dwaan
Resint ferskynd

Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert. Boarne: Wikimedia Commons/Nijeholt, lisinsje CC BY-SA 3.0
Kollum
Krap fjirtich jier lyn kaam der in Ingelsktalich boek út oer westerske talen: Words. Yn 1998 ferskynde it yn in Nederlânske en oanpaste ferzje Woorden, een geïllustreerde geschiedenis van westerse talen. Der stiet in aardich stikje yn oer it Frysk, yn oersetting: “Yn syn bloeiperioade wenne it Fryske folk oan de râne fan de Noardsee fan de Rijn oant yn it suden fan Denemarken. Al lange tiid binne de Friezen opnaam yn Dútslân, Nederlân en Denemarken, mar op in wûnderbaarlike wize libbet harren taal noch altyd. De East-Dútske fariant wurdt noch troch in hânfol minsken praat yn in lytse enklave yn Noardwest-Dútslân en in pear tûzen kustbewenners fan it Dútske Sleeswyk prate noch ien fan de Noardfryske dialekten. Yn Fryslân bliuwe sa’n 300.000 minsken harren taal trou, mar se binne needsaaklikerwize twatalich.”
It stikje giet dan fierder yn op de ûntjouwing fan it Frysk oant yn dizze tiid mei as wichtichste konklúzje: “Oft it Frysk of hokker taal dan ek bestean bliuwt, is altyd in saak dy’t op ‘e strjitte útmakke wurdt en net yn de studearkeamer.”
Dat talen ferdwine is wis. By de stúdzje Nederlânsk en Dútsk waard yn it ferline omtinken jûn oan it Goatysk. Ik haw hjir Gotische Grammatik, mit Lesestücken und Wörterververzeichnis fan Max Niemeyer Verlag Tübingen 1973. Foar it tentamen moast stikken út de Goatyske bibel oersette en derby presys oanjaan om hokker foarm fan it wurd en de grammatika it gie. Dat foel net ta. It skerpe de geast, joech ynsjoch yn de struktuer fan Germaanske talen, mar ik soe it no net mear yn ’e holle krije en foar de praktyk fan it lesjaan yn ien fan de Westeuropeeske talen, hiest der net in soad oan.
Wêr’t dat Goatysk bleaun is, mei Joast witte. Wy witte dat de taal bestie fanwege de Bibeloersetting yn it Goatysk troch biskop Wulfila yn de fjirde iuw. De teksten út it boek dat ik neamde, komme út dy bibel mei parten út it nije testamint. It skynt dat der op de Krim noch oant en mei de sechstjinde iuw minsken wiene dy’t de taal praten.
Taal hat te krijen mei macht, mei gebrûkswearde,
mei ûnderwiis, mei sichtberens.
Sawol it ferdwinen fan talen as it feroarjen fan talen is in nijsgjirrich fjild fan ûndersyk. No’t de talestúdzjes tige ynkoarte binne, wurdt der net folle omtinken mear oan jûn. Studinten fan de stúdzje ‘Nederlands’ sille Schönfeld’s Historische Grammatica van het Nederlands net mear op ’e planke stean hawwe.
Taal hat te krijen mei macht, mei gebrûkswearde, mei ûnderwiis, mei sichtberens. It sjocht der foar de measte lytse talen net goed út. De ‘Fryske talen’ yn Dútslân sille sa’t it no liket net oerlibje. Sa stie der nei oanlieding fan it treffen fan Friezen op Helgolân yn maaie 2022 in stikje yn de Leeuwarder Courant oer de takomst fan it ‘Frysk’ op dat eilân: hast útstoarn.
Net elkenien is pessimistysk. “Sjoch ris hoefolle jongfolk yn it Frysk oan it ‘appen’ is”, roppe se dan. Wa wit, helpt it. Mar it falt sûnder mis net te ûntstriden dat de takomst fan in taal benammen te krijen hat mei de gebrûkswearde. De konklúzje fan Woorden is dat it de minsken sels binne, dy’t wat dat oangiet de tsjinst útmeitsje. Of soe in nije Grutte Pier helpe kinne?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje