Famyljeportret Van Eysinga feestlik ûntbleate yn Eysingahûs

maaie 28, 2022 08:21 Fernijd

It famyljeportret fan de famylje Van Eysinga is wer thús. Op tiisdei 24 maaie waard it wurk feestlik ûnbleate troch Femke Feddema, koördinator fan it Hûs Van Eysinga, en Tjalling van Eysinga, telch fan de aadlike famylje, yn it bywêzen fan frijwilligers fan Hendrick de Keyser en Freonen fan it Frysk Museum.

Foto: Marc de Fotograaf

It giet om in njoggentjinde-iuwske replika fan it orizjineel dy’t spesjaal foar de ytkeamer makke is yn opdracht fan it Keninklik Frysk Genoatskip. It Frysk Museum jout it wurk yn brûklien oan Feriening Hendrick de Keyser. By de feestlike ûntbleating sprutsen ek Marlies Stoter, konservator âlde keunst fan it Frysk Museum en Douwe de Vries, lid fan de ried fan kommissarissen fan Hendrick de Keyser.

Trije generaasjes
It skilderij hinget yn de grutte sydkeamer, de doetiidske ytkeamer, dy’t yn 1786 ek it dekôr fan de skildering wie. It is unyk dat it skilderij iuwen letter te sjen is yn deselde romte dy’t it ôfbyldet. Op it skilderij binne trije generaasjes fan de aadlike famylje Van Eysinga portrettearre.

Frans Julius Johan van Eysinga en syn frou Clara Tjallinga Aebinga van Humalda posearje mei harren fjouwer bern Catharina Johanna, Schelto Hessel Roorda, Cecilia Catharina en Binnert Philip. De beide skoanheiten sitte oan wjerssiden. It famyljeportret is in ferneamd foarbyld fan in achttjinde-iuwsk ynterieur, en is skildere troch Willem Augustinus van Sloterdijck nei in skilderij fan Friedrich Ludwig Hauck út nei alle gedachten 1786.

Femke Feddema (foto: Marc de Fotograaf)

Unike rekonstruksje
It skilderij makke ek it ynterieur fan de ytkeamer fan eartiids sichtber. Op basis dêrfan hat Feriening Hendrick de Keyser de wandskilderingen rekonstruearje litte kinnen troch spesjalist Bert Jonker. In arkadysk lânskip is op grûn fan wiidweidich ûndersyk fan ferlykbere wandskilderingen en it famyljeportret as foarneamste boarne opnij skildere.

Brûklien
It portret wurdt yn brûklien jûn troch it Frysk Museum en is ôfkomstich út de kolleksje fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Dêrmei is it portret yn ferskate opsichten wer thús, om’t it Frysk Museum oant 2013 yn it Hûs Van Eysinga fêstige wie. Yn Hûs Van Eysinga binne mear brûklienen fan it Frysk Museum te sjen – lykas it portret fan Frans Julius Johan van Eysinga en ferskate oare aadlike famyljeleden.

Hendrick de Keyser
‘Hendrick de Keyser’ is it nasjonale goede doel foar it behâld fan monuminten. Al mear as hûndert jier set de feriening him yn foar it behâld fan arsjitektoanysk of histoarysk weardefolle gebouwen en ynterieuren yn Nederlân. De feriening docht dat troch gebouwen oan te keapjen en se dan restaurearje en ferhiere te litten. De sa opboude kolleksje jout in represintatyf byld fan de Nederlânske arsjitektuer- en ynterieurskiednis. De kolleksje omfettet ûnderwilens 439 gebouwen, mei dêrûnder huzen, pleatsen, bûtenplakken, filla’s en riedhuzen, ferspraat oer hiel Nederlân. Sjoch foar mear ynformaasje www.hendrickdekeyser.nl.

Familieportret Van Eysinga troch Augustinus van Sloterdijck (boarne: Frysk Museum)

maaie 28, 2022 08:21 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.