Eschertegels klaaie yn it Prinsessehof

maaie 2, 2022 08:26 Fernijd

Fan tiisdei 3 oant en mei freed 6 maaie binne yn it stedspaleis Prinsessehof yn Ljouwert ekstra aktiviteiten foar húshaldens en famyljes.

Escherkelder (foto: Ruben van Vliet)

By in famyljewurkatelier kinne besikers in Eschertegel fan klaai meitsje. Oan ’e hân fan doch- en tinkopdrachten kinne se de útstalling ‘Korea. Poarte nei in ryk ferline’ ûntdekke, of by in besite oan de Escherkelder foar efkes yn ’e wrâld fan M.C. Escher stappe. De yntree is foar bern oant en mei santjin jier fergees. En ek de aktiviteiten yn de maaiefakânsje binne fergees op fertoan fan in folwoeksene mei tagongsbewiis. In kaartsje is te reservearjen fia princessehof.nl/tickets.

Famyljewurkateliers
It Prinsessehof is net allinnich it eardere stedspaleis fan prinsesse Maria Louise van Hessen-Kassel. It is ek it bertehûs fan de wrâldferneamde M.C. Escher. Escher liet him dei en nacht ynspirearje troch tegels en geometryske foarmen. Dy foarmen koe er perfekt yninoar oerrinne litte. Eins makke er in soarte puzzels.

Yn ’e maaiefakânsje kinne hiele húshâldings sels Escheriaanske tegels fersierje. Under begelieding fan in museumdosint meitsje bern en folwoeksenen harren eigen tegeltsjes dy’t presys yninoar passe.

Foto: David Vroom

Famyljespoar Korea
In besite oan de Koreaútstalling wurdt foar húshâldens noch nijsgjirriger mei it famyljespoar. Mei in paspoart fol aardige doch- en tinkopdrachten, komme se yn ’e kunde mei Koreaanske kultuer. It paspoart is fergees by de baly op te heljen.

Museumynspeksje
Yn ’e rol fan museumynspekteur is in besite oan it Prinsessehof ekstra spannend. Bern o/m tolve jier meitsje notysjes by de besite en litte harren ynspeksje efter op museumkids.nl. Dêrneist meitsje se kâns op ferskate prizen, mei ûnder mear in museumpakket mei in wearde fan 75 euro.

maaie 2, 2022 08:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.