Earste minske mei bargehert ferstoar mooglik troch bargegoarre

maaie 8, 2022 08:40 Fernijd

De earste ûntfanger fan in genetysk modifisearre bargehert ferstoar mooglik fanwege in bargegoarre dy’t yn it hert oanwêzich wie. Dat seit de dokter dy’t de histoaryske transplantaasje útfierde.

Foto: Wikipedia/Piotr Bodzek, MD – CC BY-SA 3.0

David Bennett (57) krige yn jannewaris yn it Amerikaanske Baltimore it hert fan in barch dat genetysk sa modifisearre wie dat in minsklik lichem it orgaan net ôfstjitte soe. Sa’n operaasje wie nea earder útfierd. Ynearsten like de operaasje slagge, mar nei twa moanne gie de tastân fan Bennett ynienen hurd efterút en ferstoar er. Dokters joegen doe gjin direkte ferklearring foar wat der misgien wie. Bennett fertoande gjin reguliere symptomen fan in lichem dat in frjemd orgaan ôfstjit. De dokters seine wol dat it ien fan de risiko’s fan de operaasje wie, en dat Bennett dêrfan op ’e hichte wie.

No hawwe Bennetts dokters dochs in mooglike ferklearring jûn. Yn Bennetts lichem waarden spoaren fûn fan it porcine cytomegalofirus, in herpesgoarre dy’t by bargen foarkomt. Dat barde foar it earst tweintich dagen nei de transplantaasje, mar de dokters hiene gjin noed fanwege de lege hoemannichte oantroffen firus. Fjirtich dagen nei de transplantaasje wiene de firusnivo’s lykwols folle heger.

Earder ûndersyk yn bavianen toande oan dat de oanwêzigens fan it firus yn in transplantearre bargehert liede kin ta it ferstjerren fan de ûntfanger fan it orgaan, skriuwt MIT Technology Review. Nei in transplantaasje krije ûntfangers medisinen dy’t it ymmúnsysteem ûnderdrukke, sadat it orgaan net ôfstjitten wurdt. Dêrneist is it ymmúnsysteem fan de baarch, dat de ynfeksje yn normale omstannichheden tsjingean kin, net mear oanwêzich as it hert transplantearre is. Dy twa faktoaren spylje mooglik ek by minsken. Neffens ûndersikers it it mooglik dat de goarre dêrnei in bredere ûntstekkingsreaksje yn it lichem fan Bennett ûntketene hat.

Hoewol’t Bennett úteinlik ferstoar, binne dokters optimistysk oer de takomst fan xenotransplantaasjes. De Dútske wittenskipper Denner, dy’t it ûndersyk die nei de transplantaasje fan bargeherten yn bavianen, wiist der by MIT Technology Review op dat de earste ûntfanger fan in hert fan in oar minske yn 1967 mar achttjin dagen oerlibbe. Hy neamt de operaasje fan Bennett dêrom in “grut sukses”. Neffens him moat net fergetten wurde “dat Bennett al tige tige siik wie.” Neffens dokter Griffith fan it sikehûs yn Baltimore is yn ’e takomst in bettere kontrôle fan de bargen dy’t brûkt wurde nedich.

maaie 8, 2022 08:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.