Dútske dokters kinne gjin “oplieding” ta homeopaat mear folgje

maaie 26, 2022 20:16
Foto: Wikipedia/Alex Anlicker

Opliedings fan dokters ta homeopaat binne yn Dútslân tenei net mear mooglik. Homeopaty is in ûnwurksume behannelmetoade op basis fan de filosofy dat sterke fertinning mei siikmeitsjend guod as medisyn wurkje soe. Hoewol’t wittenskippers oertsjûgjend bewiisd hawwe dat homeopatysk guod net wurket, bliuwt it populêr.

Ferskate dielsteaten hawwe de oplieding ta homeopaat foar dokters earder al skrast. No bart dat yn alle dielsteaten. De Dútske minister fan folkssûnens Karl Lauterbach seit: “Goede genêskeunst is basearre op wittenskip. Foar homeopaty is dêr dan ek gjin plak. Wat dat oangiet, moatte wy kleur bekenne.”

maaie 26, 2022 20:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.