Doede Wiersma: In útdaagjende tekst

maaie 8, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

De lêste fjouwer jier fan har libben wie ús mem yn it ferpleechhûs yn Dokkum. Us heit wie stoarn doe’t er 61 wie en mem rekke troch de ms mear en mear ferlamme. Yn dy tiid ha ik ompakt mei it leed dat minsken treft. Dy wrakseling is werom te finen yn it bondeltsje preken, dat yn 1978 útkommen is: Hoe soe de Heit syn bern ferjitte.
De earste preek is in oantrún om nettsjinsteande de ôftakeling aristokratysk te bliuwen, lykas Job. De twadde preek is in oantreasting om jin net troch goedkeape frommens fan ’e sokken prate te litten, ek lykas Job. De tredde befettet de ûnfoarstelber djippe gedachte dat minsken it plakferfangend lijen fan Kristus oanfolje kinne. En de lêste is de oantrún om moed te hâlden, om’t de Heit syn bern net ferjitte sil.

De tredde preek giet oer in útdaagjende tekst. Yn ’e brief oan ’e Kolossers seit de skriuwer: “Op dit stuit bin ik bliid dat ik foar jimme lije mei en ik folje troch it lijen yn myn ierdsk bestean oan, wat der noch mankearret oan it lijen fan Kristus foar syn lichem, dat is de tsjerke” (Kolossers 1:24).
Ik haw oer dy tekst withoefaak in nije preek makke. Ommers, ûnfoarstelber wat yn dy tekst oan djipte opsletten leit. Doe’t Kristus op ierde wie, hat Er him it lijen fan minsken tige neinommen. Hy woe it meidrage. Op dy wize mei de gemeente, as lichem fan Kristus yn dizze tiid, dielnimme oan it lijen fan ’e wrâld. Se docht dat yn de foarbea, yn it mienskip-wêzen (as ien lijt, lije alle oaren mei!), yn it diakonaat, yn it ferset tsjin kweade machten.
Mei de skriuwer fan de brief oan ’e Kolossers – Paulus of mooglik in learling fan him – meie wy wrotte en wrame foar sa’n gemeente (Kolossers 1:29). Is it dan net bysûnder dat der in gemeente is dy’t it leed fan ’e wrâld meidrage wol?

Lêze: Kolossers 1:24-29

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 8, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.