Doede Wiersma: Geheimtaal

maaie 29, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn 1940 bin ik berne. Mar ear’t ik fiif jier wie, wist ik dat Dútsers ‘moffen’ wiene. En ek dat se fan ús gjin aaien krigen. Ik wie fjouwer doe’t Dútske soldaten by ús yn it bûthús kamen en oan heit fregen: “Ha jo ek aaien?” “Nee,” sei heit. Ik moat doe roppen ha: “Simen hat se krekt fandele.” “Hâld dy stil!” lústere heit strang. “Gean nei mem!” Simen wie de ûnderdûker. Ik hie dus twa fouten makke. Sa learde ik dat der yn oarlochstiid in geheimtaal bestiet.

Yn Iepenbiering is it ien en al geheimtaal. Fan alle bylden komme seis it meast foar: it Laam, it bist, de draak, Hy dy’t op ’e troan sit, Babylon en Jeruzalem. (‘De hoer fan Babylon’ sloech op it ferdoarne Rome, sa’t ‘moffen’ by ús op ’e Dútsers sloech.)
God, it Laam en Jeruzalem steane oan de iene kant en binne yn in swiere striid mei de draak, it bist en Babylon. It bist is 666, mar Kristus is 777 (dat is trije kear folslein).

De striid tusken goed en kwea is ivich aktueel. Amnesty International berjochtet ús dat yn goed 120 lannen minsken martele wurde. Elkenien dy’t foar Amnesty brieven skriuwt, ferset him tsjin de draak.

It proses Dutroux liet ús sjen yn ôfgrûnen fan ûnminsklikens. Mar der skûlje ek draken om ’e hoeke! Hiel tichteby binne minsken slachtoffer fan redeleas geweld. Yn in soad húshâldings komt it foar.
It boadskip fan Iepenbiering is net alderearst dat it foarby de dea moai wurdt. Dat ék! Mar it giet der earst en meast om, dat wy yn it hjir en hjoed suver libje, yn neifolging fan it Laam.

It boek Iepenbiering is in fisjoen. In fisjoen, net om te dreamen, mar om te dwaan. It giet om ferset tsjin it kwea, om it gefjocht mei de draak, te begjinnen mei de draak by ús om ’e hoeke.

Lêze: Iepenbiering 14:1-5

(144.000 is net in getal út it rekkenboek, mar út ’e teology. It is 12 x 12 x 1000: folheid x folheid x totaliteit)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 29, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.