Doede Wiersma: Freeds gelokkich; mar sneintemoarns dan?
Resint ferskynd
Oertinking
As de preek op freedtemoarn klear wie, as de ingel wer west hie, dan wie ik gelokkich. En sneintemoarns dan? Oer Mozes wurdt ferteld dat er mei de Tsien Wurden by de berch del kaam. Syn antlit striele noch nei fan de moeting mei God. Mar doe seach er dat it folk dûnse om it gouden keal. Lulk smiet er ‘syn preek’ oan diggels tsjin ’e rotsen.
Op sneintemoarn stapt de dominy ta de konsistoarje út, droegen troch it konsistoarjegebed: “Hear, wolle Jo mei dominy en mei de gemeente wêze?” Strieljend draacht er de preek, dat geskink fan Gods Geast. De doar nei de tsjerke giet iepen… en wat sjocht er? De tsjerke is suver leech. Wêr binne se?
“Frou,” hie in man dy moarns sein, “de winkels binne hjoed iepen.”
“Godtank, Herman,” sei de frou, “wêr hiene wy oars hinne moatten mei de bern.”
Wolfeart is in segen, mar wat dûnsje minsken gau om it gouden keal! Dominy rint de tsjerke fierder yn. Hy sjocht jongelju sitten te gapjen en hy tinkt: Dy binne fannacht net foar fjouweren thúskommen. Hy sjocht heit en mem stoef foar har útsjen. It hat grif in toer west om de pubers fan ’t bêd te krijen. Hy sjocht heiten en memmen dy’t it ek al opjûn ha. Se ha de bern mar lizze litten. Leaver gjin spul op ’e betide sneintemoarn. Mar de leechte fret oan har. En oan ’e dominy!
Ienkear op ’e preekstoel sjocht er se sitten, de lju dy’t in ‘leuke’ tsjinst wolle, mei in ‘leuke’ preek en ‘leuke’ lietsjes.
Gelokkich wie der foar de ferkundiging noch it gebed om de ynfloed fan ’e hillige Geast. Dy holp om der wer foar te gean. Oars hie dominy lykas Mozes de preek stikken skuord en fan ’e preekstoel goaid.
Jeremia hat preke. It wie blykber net ‘leuk’. Hy hie krityk op ’e polityk, op ’e mienskip en op ’e tsjerke. Harkers skelle him út foar ûngeloksboade. Se wolle him wol dea meitsje (18:23) en smite him yn in put mei drek en dridze. Giet it sa as dominys it God nei ’t sin dogge?
Lêze: Jeremia 38:1-7
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje