Doede Wiersma: De kopkes foardel

maaie 1, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn ’e jierren dat wy yn Wommels wennen (1986-1993) koe it net oars of wy rûnen waarm foar it keatsen. Yn Wommels wurdt ommers alle jierren de freulepartij hâlden. Dy deis is it doarp in pylgerplak. Yn 1989 kaam yn de partij Wommels-Ysbrechtum ‘alles oan ’e hang’: fiif earsten en seis gelyk. De earste slach dêrnei kin it spul útmeitsje. Wommels sloech de bal kwea. De trije jonges rûnen fan it fjild, de kopkes foardel, teloarsteld.

Fritz von Uhde (1848 – 1911), Op wei nei Emmaüs (publyk domein)

Nei de krúsdea fan Jezus rinne twa fan syn freonen nei hûs, nei Emmaüs dat goed tsien kilometer fan Jeruzalem ôfleit. Se fiele har de ferliezers, binne frustrearre en ha de kopkes foardel. Se prate oer alles wat se mei Jezus belibbe ha: “No, hy wie in profeet, machtich yn wurd en died. Wy tochten dat Hy de befrijer wie. Mar de lieders fan ús folk ha Him út ’e wei romme.”

As dominy haw ik fansels in soad ferliessituaasjes fan minsken oanheard. It ferlies fan âlden, partners, bern, it ferlies fan sûnens, wurk, in partner dy’t fuortrûn of bern dy’t lulk op heit en mem wiene. Ik harke nei wat bard wie yn it ferline, wie solidêr yn it hjoed en socht mei nei in takomst.
Jezus rint as ‘pastor’ mei de beide mannen op. Ja, as jo safolle mei immen belibbe ha, dan bliuwt er derby! As it “de eagen net ûntkeard wurdt om Him werom te kennen.”
Se hearre Jezus freegjen: “Wêr ha jim it sa drok oer?” No fansels, doe rûn de wekker ôf. As alle pine utere is, as se al har fertriet ûnder wurden brocht hawwe, freget Jezus: “Is de reade tried yn ’e Bibel net, dat de rjochtfeardige lije moat?”
By dy fraach komme de kopkes ferheard omheech en rekket it hert (net it ferstân!) yn ’e brân (Lukas 24:32).
Wa’t mei Jezus libbet, kriget in PASTOR dy’t helpt om it kopke wer op te tillen.

Lêze: Lukas 24:13-27

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 1, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.