Denemarken organisearret 13e Liet Ynternasjonaal

maaie 6, 2022 23:18

Trettjin finalisten op sjongfestival foar minderheidstalen

Trettjin Europeeske minderheidstalen dogge oare wike freed 13 maaie mei oan Liet Ynternasjonaal. De dielnimmers oan it sjongfestival foar minderheidstalen, dat foar de 13e kear holden wurdt, komme ûnder mear út regio’s yn Spanje, Frankryk, Italië, Dútslân, Finlân, Israel en Denemarken. Fryslân wurdt fertsjintwurdige troch Adri de Boer, winner fan Liet 2021. De trettjin lietsjes dêr’t yn de finale om striden wurdt, binne troch in sjuery selektearre út mear as tritich ynstjoerde komposysjes.

Winneres 2017 (foto: Liet Ynternasjonaal)

De finale fan Liet Ynternasjonaal 2022 wurdt yn it Deenske Tønder/Tondern holden. Dat wurdt de kommende wike omtsjoend yn in Europeeske festivalstêd. Takomme woansdei sette de repetysjes útein. Yn de finale op freed 13 maaie, krekt foar de finale fan it grutte Europeeske sjongfestival in dei letter, sil sjongeres Ingret út Oekraïne de iepening fersoargje.

“Denemarken soe twa jier lyn al de finale fan Liet International organisearje. Mar twa wike foar de finaledei moast troch de útbraak fan it koroanafirus alles ôflost wurde”, sa seit Uffe Iwersen fan de Deenske organisaasje, dy’t mei de Fryske Stichting Liet ’91 it festival organisearret. “Wy ha mei de organisaasje yn Denemarken eins alles opnij organisearje moatten. Der binne sels allegear nije lietsjes ynstjoerd en troch in nije sjuery selektearre. En wy moasten sels fan plak ferwikselje, fan Aabenraa/Apenrade nei Tønder/Tondern.”

De finale fan Liet Ynternasjonaal is freed 13 maaie fan 19.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op www.omropfryslan.nl en de sosjalemediakanalen fan Omrop Fryslân (Facebook en YouTube) en Liet.

Dielnimmers 13e Liet Ynternasjonaal
Adri de Boer – ‘Bliuw mar by my’, Frysk (Nederlân)
Billy Fumey – ‘U Port Titi’, Frankoprovensaalsk (Frankryk)
Carolina Rubirosa – ‘O teu camiñar’, Galisysk (Spanje)
Die Tüdelband – ‘Wenn ik enen Wunsch harr’, Platdútsk (Dútslân)
Doria – ’ROMA’ Korsikaansk (Frankryk)
Emanuele – ‘Pintus Genia’ Sardinysk (Italië)
Ingá-Máret – ‘Gaup-Juuso Dovdatmeahttumii’, Samysk (Finlân)
Jimi Henndreck – ‘Heihupfa’ Súd-Tiroalsk (Italië)
Martin Hørløck – ‘Æ Nordschleswig-Lied’, Synnejysk/Dútsk (Denemarken)
Martje Johannsen & Christoph Hansen – ‘Maleen’, Noard-Frysk (Dútslân)
Roger Argemí – ‘La contradicció’, Katalaansk (Spanje)
Sofi & The Baladis – ‘REBUTALLA’, Hebriuwsk (Israel)
Yourdaughters – ‘Hudsult’, Deensk (Dútslân)

maaie 6, 2022 23:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.