Dei fan de Nasjonale Parken

maaie 18, 2022 07:17

Kommende snein, 22 maaie, hâlde It Fryske Gea, Nasjonaal Park ‘De Alde Feanen’ en IVN Natueredukaasje in iepen dei. Dat bart yn it ramt fan de Dei fan de Nasjonale Parken. Fan tolven oant fjouweren is der dan yn en om it besikerssintrum De Wiidpleats yn Earnewâld fan alles te dwaan. Fan farekskurzjes, lêzingen en kuiertochten foar folwoeksenen oant speurtochten en alderhande oantreklike aktiviteiten foar grutte en lytse bern.

Alle ynformaasje oer de iepen dei is te finen op www.itfryskegea.nl/opendag2022.

De Blaustirns. Foto It Fryske Gea

Wa’t oan de ûndersteande aktiviteiten meidwaan wol hellet in tagongskaartsje ôf. Dy binne fergees, mar mei de Blaustirns farre kostet € 2,–.

  • Kuiereksursjes foar minsken fan 10 jier en âlder (1½ oere) om 12.30, 12.45, 13.00, 14.15, 14.30 en 14.45 oere
  • Fareksursjes mei de sinne-enerzyboat de Blaustirns (1 oere) om 12.15, 13.30, 14.45 en 16.00 oere
  • Fareksursjes mei de pream De Houthandel (1 oere) om 12.30, 13.45 en 15.00 oere
  • Fareksursjes mei de pream Haldfest (1 uur) om 12.15, 13.30, 14.45 en 16.00 oere
  • Wetterbistkes fange foar 6- oant 12-jierrigen om 13.00 en 14.30 oere

It besikerssintrum De Wiidpleats is oan de Koaidyk 8a by Earnewâld.

maaie 18, 2022 07:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.