‘De ynfaller’, nije roman fan Koos Tiemersma
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
- Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân 0

Boarne: Het Nieuwe Kanaal
It sil in soad âlden bekend foarkomme: as master of juf siik is, komt der in ynfaller foar de klasse. Elkenien hat der in miening oer, mar hoe is it eins om ynfaller te wêzen? Dêr giet de nije roman oer fan Koos Tiemersma, dy’t bekend waard fan boeken as De ljedder en Einum, dêr’t er de Gysbert Japicxpriis foar krige.
Yn dit boek, dat spilet yn it begjin fan de tachtiger jierren, falt Marcus Ligthart yn op in skoaltsje yn de leaflike Wâlden. Al gau freget er him ôf wêr’t er oan begûn is. De problemen mei in groep net al te maklike bern en in team yn swier waar komme ta in klimaks op it kampearreiske nei ’t Amelân.
It boek, mei op ’e foarkant in wurk fan keunstner Henk Krist, ferskynt sawol op papier as digitaal yn it Frysk, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is. Sjoch foar mear ynformaasje de webside (www.koostiemersma.nl) fan de skriuwer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje