De Fryske Beweging wer yn beweging krije

maaie 22, 2022 08:18

Skôging

It stik ‘Fryske Beweging yn debat: ‘Soms yn rot fleis snije’’ (LC, 25 april) wie in ferslach fan in gearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging dêr’t it flink knettere. In gearkomste dêr’t socht waard nei oplossingen foar in probleem dêr’t goed rinnende famyljebedriuwen ek wol foar steane: de kas is fol, der binne opdrachten, mar der is muoite om personiel en in opfolger te finen.

Nei it lêzen fan de column fan Pieter de Groot (‘Kreauwerij’, LC 29 april), skrok ik wol fan hoe’t myn opmerking ynterpretearre waard. ‘Snije yn rot fleis’ sloech net op de âldere leden fan de Ried – myn respekt kin hast net grutter, en as nijkommer op it (semy-)politike toaniel lear ik mei de dei mear fan myn kollega-bestjoerders en -aktivisten dy’t har ynset hawwe en har noch hieltyd mei hert en siel ynsette foar it Frysk (en dan benammen de Fryske literatuer).

Myn opmerking sloech wol op de organisaasje fan it systeem en de Ried as gehiel. De kombinaasje fan foto en sitaat makke in oare, perfoarst net sa bedoelde assosjaasje foar de hân lizzend.

De útstellen dy’t dien waarden, mei oproppen foar mear gearwurking en mear sichtberens, wiene nijsgjirrich, mar freegje lykwols om in radikaal oars ynrjochtsjen en rjochting jaan oan de Ried en om profesjonalisearring.

De Ried wol graach in koepel wêze foar organisaasjes, en dêryn leit ek fuort it probleem. Oeral is wol in klup foar, soms falle se wol ûnder de Ried, soms wer net: troch de beammen is de bosk net mear te sjen, sa’t Jitske de Hoop oanjoech. En ek dy ferieningen en klups hawwe it dreech mei it finen fan bestjoersleden. Sykje mar ris in gek dy’t elke wike oeren kostbere tiid stekke wol yn oerlis, lobby, plannen foar de takomst opstelle, en dat alles fergees (of foar in lytse frijwilligersfergoeding).

Dat alles soarget derfoar dat it systeem no fêstrint. De Ried joech sels ek al oan dat yn it bestjoer mar ien har echt rjochtsje koe op it bewegingswurk – de kearntaak – omdat de rest fan it wurk te folle tiid opslokt.

It moat dus oars om de Beweging wer yn beweging te krijen. Der moat earst ynventarisearre wurde oft de organisaasjes en ferieningen dy’t der binne noch wol libbensfetber binne en hoe’t alles better organisearre wurde kin, mei mear profesjonalisearring; en dêr is de finansjele stipe fan de Ried ûnmisber by.

“De jeugd is oan bar om yn it bestjoer te stappen”, wie in oprop út de seal wei. Mar de jeugd dy’t yn de seal oanwêzich wie, hat al hert foar de saak en sit al yn in bestjoer fan in belange-organisaasje of feriening (of sels mear as ien). Dêrom ek de oprop om profesjonalisearring.

Fansels praat ik graach fierder mei oer de takomst fan de Ried, want dy giet my ek oan it hert. Hokker klup sil him oars ynsette foar Fryslân, it Frysk en de Fryske kultuer?

Ammerins Moss-de Boer
Selsstannich oersetter/tolk en bestjoerslid fan It Skriuwersboun

maaie 22, 2022 08:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma maaie 22, 12:43

    Bêste frou Moss,

    Ik bin bliid dat jo ien en oer ferdútse. Jo sizzen wie foar de Fryskhater út Balk reden om it yn de Ljouwerter noch efkes stiif oan te setten.

    Wol wurd ik in bytsje skruten fan profesjonalisearring. Fryske Akademy, AFÛK, Tresoar en Cedin krûpe by minder finânsjes gau yn de stân ‘eigen winkel earst’.

    Wy seagen soks by de feroaring fan de stavering yn 2015. Trije of fjouwer man fan de FA koene soks trochsette.

    In jier as fyftjin lyn hie ik sels ek soargen oer hoe’t ik mei it Frysk komme soe. Mar nei de nedige refleksje kaam ik op it folgjende punt. Wy kinne it Frysk net rêde. In taal – sûnder ekonomyske wearde – sil sels de minsken yn it nekfel gripe moatte. En as wy werom yn ‘e tiid geane, dan docht it Frysk soks ek.

    Fansels moat it Frysk ek digitalisearre wurde as de talen om ús hinne soks dogge. Mar wier, jo hoege net ivich en altiten oan staveringen en wurdboeken te wurkjen. Hâld se by de tiid en stek – mei of sûnder Ried fan de Fryske beweging – alle enerzjy yn it wetlike plak fan it Frysk yn it ûnderwiis.

    Groetnis fan in beweger
    (al fyftjin jier bûten ferbân)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.