Creedence Clearwater Revival (gedicht)

maaie 21, 2022 09:30 Fernijd

Creedence Clearwater Revival

Yllustraasje: Skelte Braaksma

Dêr op ’e hoeke, dêr op ’e dyk,
rint de leave lifter,
gnúf út myn achterdoar,
om’t it is hast sneontejûn.

Hey fannacht, it sil heve fannacht,
ik haw it yn it druvehôf heard,
goeie Golly, frou Molly,
de moanne stiet net bêst.

Ik sil dy betsjoene,
wa sil de rein tsjinhâlde?
Faaks rinne wy oer it wetter
fan de Griene Stream.

Ea sil nea komme,
salang’t ik it ljocht mar sjen kin,
omheech krekt foarby de bocht,
om’t ik bin de lokkige soan.

Sander Hoekstra

De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs en De Nije € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma

maaie 21, 2022 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.