Briefkje oer taal (15)

maaie 31, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief (sjoch Briefkje oer taal (14) | It Nijs)

Bêste Ed,

Gewoanwei heakje do en ik op it briefke fan de foarige kear yn, mar dizze kear wol ik earst noch efkes tebek nei myn briefke fan fjirtjin dagen lyn. Dat gie oer ‘los of oaninoar’. Cor Jousma reagearre dêrop troch my op Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan te wizen. Ik hie der yndied net by stilstien en rieplachtsje dy weardefolle skriuwwizer út 1995 fan it Taalburo fan de Fryske Akademy ek. Rienk de Haan (1943-2018) wurke dêr en wie in wichtich en behelpsum adviseur yn taalsaken.

Under it kopke ‘los of fêst’ wijt De Haan treddel side oan dat ûnderwerp. Hy giet de ferskillende soarten gearstallingen bylâns en jout aardich wat foarbylden. Wa’t dat boekje hat of noch besette kin, ried ik oan en besjoch oer dit ûnderwerp de siden 76-79. De lêste sin fan De Haan dêroer is ‘’By twivel is it oan te rieden om in wurdboek te rieplachtsjen.” Ferwachtsje lykwols net dat dêr alle gearstallingen (of gearsettingen) yn te finen binne, want der wurde alle dagen wer nije betocht, haw ik wolris lêzen.

Mysels is net dúdlik wêrom’t it wurd ‘bekendmaken’ yn de Fryske wurdboeken as ‘bekend meitsjen’ oanjûn stiet, wylst ‘bekendmakking’ wol as ien wurd skreaun wurdt. Dat lêste komt my net as fryskeigen foar; ik brûk leaver ‘it bekendmeitsjen’, mar dat sil dan wol ‘bekend meitsjen’ wêze moatte (los dus). As ik yn it digitale Frysk Hânwurdboek opsykje watfoar gearstallingen der mei ‘meitsje’ wól makke binne, kom ik op 68 en falt it my op dat ‘skjinmeitsje’ der wol by is, mar ‘smoarchmeitsje’ net. Dat soe neffens it wurdboek los skreaun wurde moatte. Ek opfallend: yn it Frysk is it ‘bangmeitsje’, mar yn it Hollânsk is it ‘bang maken’. As wurden in (nije) ienheid foarmje, wurde se neffens De Haan yn it algemien oaninoar skreaun. Yn it algemien, dus net altyd! Dat freget om fierdere útlis. Ik wol it graach begripe kinne en bin dan ek benijd oft der lêzers fan ús briefkjen binne dy’t dat útlizze wolle.

Ferline wike brochtsto de foarnamwurdlike bywurden te praat dy’t yn it Frysk krekt wol splitst wurde: net wêrmei’t, mar dêr’t (…) mei. Sokke binne der mear. Do neamdest ek waardoor en waaronder en do foegest deroan ta dat Friezen it dêr dreech mei hawwe. Dat komt my yndied bekend foar en ik moat it wol gauris oanpasse. Yn it Hollânsk wurdt waaronder ek noch op in spesjale wize tapast. Foarbyld: ‘Er waren veel bezoekers, waaronder enkele Friezen.’ Dat liket my in ferkoarting fan ‘waar enkele Friezen onder waren.’ Yn it Frysk sizze en skriuwe we net ‘wêrûnder inkelde Friezen.’ It soe sa kinne: ‘dêr’t in stikmannich Friezen fan wiene.’ Dochs docht my dat te houterich oan. In moaiere oplossing liket my: ‘mei dêrûnder in stikmannich Friezen’ of ‘mei ek wat Friezen derby.’

Nei oanlieding fan in sin hjirboppe (Sokke binne der mear) haw ik in fraach. Is ‘sokke’ dêr goed yn brûkt? Of hie it ‘sokken’ wêze moatten? Yn it Nederlânsk krije sokke wurden as zulke, beide, alle ensafuorthinne in n as lêste letter as se nei persoanen wize en as se selsstannich brûkt wurde. Ik krij wolris de yndruk dat soksoarte wurden yn it Frysk altyd in n krije, ek as se net nei minsken ferwize.

Mei freonlike groetnis,

Jan

maaie 31, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Henk Wolf maaie 31, 10:18

    Dat ‘bekendmakking’ as ien wurd oanfield wurdt, is net sa gek. It Frysk hat wol skiedber gearstalde tiidwurden, mar gjin skiedber gearstalde haadwurden. Jo kinne wol in nijtsje “[min ofte mear bekend] meitsje”, mar it is ûnmooglik om ‘bekend’ yn ‘bekendmakkig’ op in ferlykbere manier ôf te swakjen: “*de min of mear(e) bekend makking” wol net. Dat jout oan dat ‘bekend’ opgongen is yn it wurd ‘bekendmakking’.

    It Frysk kin folle makliker as it Nederlânsk komplekse tiidwurden meitsje. Yn ‘Wat dochst no wer te smoarchmeitsjen?” is út ‘smoarch’ en ‘meitsje’ in saneamd ynkorporaasjetiidwurdd foarme, dêr hat men alle reden om de dielen fan dat wurd oaninoar fêst te skriuwen. En yn “ik ha it hûs [tige skjin] makke” lit ‘tige’ sjen dat ‘skjin’ in apart wurd is en hat de spaasje tusken ‘skjin’ en ‘makke’ eigenskip.

    Doch is yn in soad konteksten ‘skjinmeitsje’ in sterkere ienheid as ‘smoarch meitsje’ en yn dy konteksten is in staveringsferskil goed te ferdigenjen. ‘Skjinmeitsje’ hat alderearst in pear eigen, spesifike betsjuttingen krigen, dy’t faak ferfongen wurde kinne troch it synonym ‘himmelje’. Fierder sil ‘Se skjinmakket by de kommissaris’ in protte minsken gewoaner oanhearre as ‘?se smoarchmakket by de buorlju’. Boppedat kin men it hele tiidwurd modifisearje: ‘Se skjinmakket foar wûnder’ en dat wol mei ‘smoarch meitsje’ in stik minder goed. Men kin ek sizze dat as ien ergens skjinmakke hat, dat it dêr dan doch net smoarch is, omdat wy mei in minne skjinmakker te krijen hienen. Dat jout oan dat ‘skjinmeitsje’ in hanneling is dêr’t ‘skjin’ net mear as dúdlik apart wurd yn werom te finen is. Oan ‘e oare kant: as ien ergens ‘smoarch makket’ (en dat heart sûnder foarwerp derby al wat nuver), dan is it dêr dêrnei ek smoarch.

    Dan in wurdsje oer -ing. Der hearsket ûnder Friezen nochal ris in wearze wat dat achterheaksel. Mooglik giet dy tebek op âlde preskriptive regels, it stiet my by dat learboeken dat -ing earder noch wolris ôfkarden. De wearze kin der ek mei te krijen ha dat it Frysk earder in tiidwurdstyl as in haadwurdstyl hat om oer hannelingen te praten. Der binne konteksten te betinken dat in Nederlânsk ‘de bekendmaking’ yn it Frysk better klinkt as in tiidwurd: ‘Kort na de bekendmaking …’ > ‘Koart neidat it bekendmakke waard …’

    Om puristyske reden hoecht net ien -ing lykwols te mijen. It achterheaksel komt al yn it Aldfrysk foar (as -inge) en is yn de Fryske talen yn Dútslân ek folop yn gebrûk. It Aldfrysk wurdboek fan Koebler jout sels ‘epenbermakinge’ (iepenbiermakking) en dat leit fansels tige ticht by ús ‘bekendmakking’.

    Wat it n’tsje nei ‘sokke’, ‘dizze’, ‘beide’ ensfh. oangiet, wurket it Frysk heel oars as it Nederlânsk. Yn it Nederlânsk is it wol of net skriuwen fan de -n in staveringskwestje, dy’t net of amper mei de werklike útspraak gearhinget. De regels skriuwe foar dat de -n skreaun wurdt as it wurd nei persoanen ferwiist.

    Yn it Frysk skriuwe wy de -n as wy him hearre. Almeast drukt de -n út dat it wurd selsstannich brûkt wurdt. De -n wurdt net brûkt as der in haadwurd achter komt. As der maklik in haadwurd achter ynfolle wurde kin, is de -n opsjoneel:

    – Sokke bern ha it mar dreech.
    – Sokke (sinnen) binne der mear.
    – Wat dy sin oangiet: sokken binne der mear.
    – Pyt seit it wolris raar op, mar sokken binne der mear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.