Briefkje oer taal (14)

maaie 24, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (13) | It Nijs)

Bêste Jan,

betanke foar it ‘briefke’ dêr’t krekt it antwurd yn stie dat my tige wolkom is. Ik hâld fan regels lykas: ‘it moat altyd sa, útsein yn in inkeld gefal dat it eins wol oars moát.’ (Sa is dat bygelyks ek mei de tusken-n yn gearstallings; foar it Hollânsk binne dy regels suver net te begripen, mar foar it Frysk hiel moai dúdlik: ‘nea in tusken-n, allinnich yn inkelde útsûnderlike gefallen moat it dochs.’)

De oaninoar skreaune wurdsjes lykas dermei, deroan en ek deromhinne, derfoaroer, ensfh. fiele ek wol as ien gehiel, al is it dus oppassen mei ‘dêrnei/dêr nei’. It aardige fan dat moaie foarbyld fyn ik it ferbân tusken skriuwwize en ynhâld. Stavering is net it nijsgjirrichste fan in taal, mar as it de betsjutting rekket, moat men der lykwols goed om tinke. Betsjuttingsferskil troch inkeld mar in spaasje leit dochs wol hiel subtyl. Nim no it haadwurd oranjekoeke. Skriuwt men oranje koeke dan giet it om koeke dy’t letterlik oranje fan kleur is, wat mei oranjekoeke perfoarst net (altyd) it gefal is. Der is mei dit foarbyld noch wat oars te rêden: de útspraak. Gearstallings (oaninoar skreaune haadwurden) hawwe de klam foaroan. By it los skriuwen ferskoot de klam nei efteren.
Der kaam my Oranjehûs yn ’t sin, mar dat heart boppedat mei in haadletter. In oranje hûs sjoch ik wolris by kampioenskipswedstriden fuotbaljen.

Al of net in spaasje foar ’t hat ek te krijen mei de ynhâld. Sa hawwe mei’t en mei ’t ferskillende betsjuttings: mei’t is it bynwurd meidat en mei ’t binne twa wurden, mei it. (Mei’t er de hoeke om kaam, stuts er de hân op; mei ’t mes makke er de slúf iepen.)
It mes wêrmei’t er de slúf iepenmakke. Ofsjoen fan de fraach oft iepenmakke as twa wurden skreaun wurde moat, kom ik hjir op it mêd fan it Frysk idioom. It skieden yn de foarnamwurdlike bywurden (yn it Hollânsk waarmee, waardoor, waaronder ensfh.): it ferhâldingswurd (mei) wurdt loskeppele en skoot nei efteren. It mes dêr’t er de slúf mei iepenmakke. Dat skynt foar in soad Friezen dreech te wêzen (sterke ynfloed fan it Hollânsk).
Komt dy grif bekend foar.

Graach oant oare kear,

Ed

maaie 24, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Wim maaie 25, 18:11

    Bin de ûtsunderingen fan -n (boekekast) ek earne online te finen?

  2. Henk maaie 25, 21:25

    Wim: nee, spitigernôch net, mar se binne net yngewikkeld: der wurdt in -n- skreaun as der in [n] sein wurdt. Ik jou efkes de gefallen dy’t my yn ‘t sin komme:

    – guon gearstallingen mei beammenammen yn it earste lid: ikenbeam, elzenhout, elzenprikje ensf. (ek sûnder -n- mooglik);
    – guon gerjochten op -brij/-potstro/-prip: sûpenbrij, rizenbrij, balkenbrij, groattenbrij, hjouwerenbrij, moallenpotstro, roggenprip (gjin fariant sûnder -n-);
    – guon wurden mei weet-/weit- as earste lid: weitenmoal, wetenbrij … (gjin fariant sûnder -n-);
    – wat gearstallingen mei ‘Fries’ as earste lid: friezendom, friezenaard, friezenhert (ek sûnder -n- mooglik);
    – guon wurden mei siik-/sike- as earste lid: sikenhûs, sikenwein (ek sûnder -n- mooglik).

  3. wim maaie 25, 22:15

    Tige tank, Henk!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.