Briefkje oer taal (13)

maaie 17, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief (sjoch Briefkje oer taal (12) | It Nijs)

Bêste Ed,

Ferline wike brochtsto de kwestje ‘los of oaninoar’ te praat: is it der by of derby? En oft dêr dúdlike regels foar binne. Ja, ik tink it wol, mar it is in toer om se te finen. Yn de Paadwizer, dy’t yn Frysker opnommen is, behannelet paragraaf 7 it los of oaninoar skriuwen, mar by de acht ûnderwerpen dy’t dêr oan ’e hân fan foarbylden ferdúdlike wurde, fyn ik net der by of derby, dêr oan of dêroan, hjir fan of hjirfan. Yn de Leidraad foar de Nederlânske taal giet it al krekt sa. Dêr wurdt ‘los of aaneen’ yn paragraaf 6 behannele, mar de kwestje dêr’t it ús no om giet – bywurden wol of net oan ferhâldingswurden fêst’ – wurdt dêr ek net yn neamd. It is sa’t it liket gjin staverings-, mar in grammatikale kwestje, dy fan de foarnamwurdlike bywurden. Jan Popkema behannelet dy yn Grammatica Fries yn paragraaf 4.8.3, de siden 201 en 202. Yn de Algemene Nederlandse Spraakkunst (ANS) is der ek fan alles oer te finen (ANS | Algemene inleiding (ivdnt.org)).

Foar it Frysk hawwe we by myn witten noch net sokke handige advizen as dy fan Onze Taal, dy’t op it ynternet maklik te finen binne: útlis en lange listen mei foarbylden. Googelje mar mei syktermen as ‘eraan of er aan’ en der komt fan alles op jin ta. Ik neam hjir er / hier / daar / waar + voorzetsel + werkwoord: los of aan elkaar | Genootschap Onze Taal | Onze Taal. Earder haw ik wolris miend dat it yn it Hollânsk folle yngewikkelder wie as yn it Frysk, mar it bewiis dêrfoar haw ik no net fûn. In ferskil is wol Fryskpraters it bywurd ‘der’ minder faak brûke as Hollânskpraters it bywurd ‘er’. Dat skeelt dan ek yn kombinaasjes

Op it gefaar ôf dat ik it te maklik foarstel (dêr sille de taalgelearden ûnder ús dan wol op reagearje), mien ik sizze te meien dat al dy gefallen oaninoar skreaun wurde, útsein as der reden is om it net te dwaan. Kombinaasjes fan de bywurden der, dêr, hjir en wêr mei in ferhâldingswurd, rûchwei fan by oant en mei yn, wurde as ien wurd skreaun, ek as se út mear as twa wurden besteane (lykas deromhinne, dêrfoaroer, mar net yn situaasjes dat it ferhâldingswurd by in oar wurd heart, meastal in tiidwurd.

Fan de útsûnderingen hjir in pear foarbylden: ik meitsje my der ôf (ôf heart by meitsje), sy giet derfan út (net: der fanút; út heart by gean). In aardich gefal fan in útsûndering kaam ik ferline wike tsjin. It gie oer in wittenskiplike kwestje. Yn dat ramt skreau immen: “It ûndersyk dat er dêr nei die…” en hy ljochte ta dat er dêr nei bewust net oaninoar skreau, omdat dêrnei ek as letter útlein wurde koe.

Dit is mar ien kant fan ‘los of oaninoar’. Miskien moatte we it ek wolris (of: wol ris?) oer mear kanten hawwe.

maaie 17, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma maaie 20, 09:45

    Bêste Jan,

    Yn it boekje ‘Mei freonlike groetnis’ fan Rienk de Haan jout er oer los of fêst in pear siden mei útlis (side 76,77 en 78).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.