Briefkje oer taal (12)

maaie 10, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (11) | It Nijs)

Bêste Jan,

dat it gebrûk fan oft nei in fraachwurd yn in bysin (hoe let oft it is) it gefaar rint om ôf te sliten, hawwe wy no sels bewiisd. H. Ofstra hat ommers gelyk mei syn opmerking dat yn de bysin ‘hokker fan de twa goed is’ it ferbinende wurdsje oft fergetten is. Myn taalgefoel seit dat yn in bysin altyd dat of in part dêrfan (’t) sitte moat. En dêrmei kom ik op de kwestje fan grutter as my/ik, dêr’t Henk Wolf al in wiidweidige reaksje op jûn hat (tige tank). It is my dêrtroch dúdlik wurden dat it om twa dingen te rêden is: it ferbinen fan sindielen en it ferbinen fan sinnen troch as (yn it Ingelsk than). Om te ûnthâlden dat ‘Hij is groter dan mij’ grammatikaal net doocht, hawwe wy op skoalle it keunstke leard om de sin langer te meitsjen: ‘groter dan ik ben’. Yn it Frysk dus: ‘Hy is grutter as ik bin’. Mar dêr soe ik (en Ofstra grif ek) it ferbinend elemint dat ynfoegje wolle: ‘grutter as dat ik bin’. Dan giet it dus om in gearstalde sin en is as dat (winliken ien wurd, krekt lykas omdat, doe’t, dêr’t ensfh.) it bynwurd. As wy der net in gearstalde sin fan meitsje (de goerie fan de skoalmaster ferjittend), dus koartwei ‘grutter as my/ik’ sizze, dan is as in ferhâldingswurd. Komt nei in ferhâldingswurd net altyd de foarwerpsfoarm? ‘Hy stiet foar, njonken, efter my (net foar, njonken, efter ik).
Haw ik no ek in skoalmastersregeltsje oan de keunstkes tafoege?

Doe’t ik (yn it lêste fearn fan de foarige iuw) foar it earst Frysk hearde, foel my dat ‘grutter as my’ op. It befêstige it foaroardiel tsjin Frysktaligen oer: ‘Hoor je dat, die Friezen zeggen het verkeerd.’
Soe yn de sprektaal yn Fryslân noch altyd my (yn grutter as my) faker foarkomme as ik (yn grutter as ik)? Doe’t ik hjir kaam te wenjen, wie dat wol it gefal.

Do hast my wolris ferbettere, Jan, as ik wurdsjes los skreau wylst se oaninoar hearre. Earlik sein twivelje ik wolris as ik bygelyks skriuw: ‘Hoe sil ik dêr op reagearje?’ [dêrop!]. Sjochsto dat probleem ek by oaren? En binne der wol dúdlike regels?

Oant nije wike.

Groetnisse,

Ed

maaie 10, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.