Briefkje oer taal (11)

maaie 3, 2022 08:56

Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (10) | It Nijs)

Bêste Ed,

In dei of wat lyn seach ik in ferhaal nei dêr’t ik hjir twa sinnen út sitearje: (1) De baas frege at ik efkes by him komme woe, en (2) Dat is al bepraat at ik my net fersin. It brûken fan at brocht my dyn opmerking fan ferline wike, datsto dat nea dwaan soest, yn it sin. De skriuwster fan it ferhaal brûkt it twa kear, fuort efterinoar. De earste kear bedoelt se oft, de twadde kear as. Yn de sprektaal steurt it net, mar yn skriuwtaal stiet it nuver en kin it sels ûndúdlikens meibringe. Foar my is dat reden om it yn sokke sinnen oan te passen nei wat bedoeld wurdt, of it soe wêze moatte dat in skriuwer yn in sitaat útkomme litte wol hoe’t immen it sei.

Yn sprektaal wurde as en of ek faak trochinoar brûkt en fangefolgen op skrift ek. Ik tink oan: ‘in graad of 4’ en ‘in graad as 4’. Itselde docht him foar by ‘in stik of wat’ en ‘in stik as wat’. Sokke gefallen roppe de fraach op hokker fan de twa winliken goed is, ‘of’ of ‘as’. Yn alle gefallen giet it om in ûnwissichheid: om ende by, plusminus. It kin 4 graden wurde, mar miskien ek wol in graadsje leger of heger. It is dus in gefal fan of-of. No, dan jou ik yn skriuwtaal de foarkar oan of, mar ik betraapje my der sels op dat ik gauris as sis. Yn it Hollânsk is soks gjin fraach. Gjinien sil ‘een graad als 4’ en ‘een stuk als wat’ sizze.

Yn oar ferbân wurde as en of ek faak ferwiksele: Wat wolst drinke, molke as/of sûpe? As/of hast leaver kofje? It sil dúdlik wêze dat as it om kiezen giet, of allinne mar goed wêze kin. Giet it om ferlykjen, dan heart it as te wêzen. Wurdt fan ien sein dat er wyn as wetter drinkt, dan wurdt net bedoeld dat it ûndúdlik is wat er yn it glês hat, mar dat er fierstente grutte slokken nimt.

Ik slút ôf mei in fraach oan dy, mar faaks binne der ek oaren dy’t dêr wat ferstannichs oer sizze kinne. Der binne minsken dy’t sizze en skriuwe: sy is alder as my (dy en him/har) yn stee fan sy is âlder as ik (do en hy/sy). Prinsipieel, omdat it better Frysk wêze soe. Is dat wier (omdat it yn it oan it Frysk besibbe Ingelsk ek as me is)? It is in Hollânske ynterferinsje as ik as ik sis/skriuw? Want sa wurdt it op skoalle útlein: zij is ouder dan ik (ben).

Mei freonlike groetnis,

Jan

maaie 3, 2022 08:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. H. Ofstra maaie 4, 07:43

    Ik soe ek noch skriuwe: ‘Sokke gefallen roppe de fraach op hokker fan de twa OFT winliken goed is, ‘of’ of ‘as’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.