Bouwe de Boer: Bloei en doei
Resint ferskynd
Kollum
Op sneon 23 april stie Wergea in lyts bytsje ekstra yn ’e bloei. Riny, Astrid, Margryt en Wytske foarmje mei-inoar de wurkgroep Bloeisône en dy hie fjirtich Wergeasters útnûge om yn it doarpshûs te kommen. It ûnderwerp fan de gearkomste wie: kin Wergea in Bloeisône wurde? It waard in flinke stap yn de bloeibeweging, al soe men beweare kinne dat Wergea al een bloeisône is.
In bloeisône (it wurd komt fan Blue-zone) is in gebiet dêr’t minsken sûner âlder wurde as op oare plakken. De formule is: mear gesellichheid, perspektyf jaan, minder stress, mear mei-inoar, religy, minder iten, sûn iten, gjin gif en, net te ferjitten: mear bewege.
Doarpen dy’t dêr aktyf mei in grutte groep ynwenners oan wurkje, neame harsels bloeisône. In jiermannich tebek is dy beweging yn Bakkefean begûn en dy wurdt sûnt trije jier troch de provinsje stipe. Der komme hieltyd mear doarpen yn de bloeisônebeweging: Heech, Akkrum, Sint-Nyk, Makkum, Nes (NEF), Grou, Himsterhout (yn Drachten), Eastermar en noch mear doarpen yn Fryslân hawwe in wurkgroep.
As ien dy’t by de enerzjytransysje yn Fryslân belutsen is mei ik yn doarpen mei in feriening foar doarpsbelangen of in enerzjykoöperaasje geregeld in lêzing hâlde. Meastal op in ledegearkomste, dêr’t ik dan oer it fenomeen bloeisône fertel en wat dat ynhâldt. Op sa’n stuit komme der altyd ideeën om soks yn it eigen doarp ek op te setten. En yngewikkeld is dat net!
Yn Wergea hawwe op 23 april tweintich 20 Wergeasters har opjûn om de bloeisône yn it eigen doarp te stypjen. Dat hâldt yn dat der mear omtinken komt foar bewegen en foar mear lokaal iten en dat der in begjin makke wurdt om nije ynwenners mei in ‘maatsje’ te helpen. In maatsje helpt om flugger paadwiis yn it nije doarp te wurden.
En aardiger wurdt it yn Wergea ek: mochten jo troch Wergea rinne en fernimme dat elkenien jo freonlik groetet? Dat is dan ien fan de útkomsten fan de earste ideeëstream!
Oant sjen!
Reaksjes? bouwe@freonen.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje