Boeren telle flinters foar better ynsjoch yn bioferskaat

maaie 26, 2022 08:36

LTO Noard, BoerenNatuur en De Vlinderstichting ferfetsje de gearwurking yn it monitoaringsprogramma Boeren Insecten Monitoring Agrarisch Gebied (BIMAG). By dat programma telle boeren en túnkers sels de dei- en nachtflinters op it eigen bedriuw. It tal dielnimmende boeren en túnkers dat bydraacht oan it yn kaart bringen en fersterkjen fan it bioferskaat nimt dit jier sels ta fan santich nei hûndert.

Foto: pixabay.com

Ynsektewaarnimmingen op it boerehiem
Ut mearjierrich ûndersyk yn Dútslân is dúdlik wurden dat de biomassa oan fleanende ynsekten de ôfrûne 27 jier mei 75% ôfnommen is. Hast alle yn Nederlân beskikbere trends fan ynsekten binne foar it grutste part basearre op waarnimmingen út natuergebieten. Der wiene net folle gegevens bekend fan greiden, boulânperselen en boerehiemen. Om just oer dy gebieten mear te witten te kommen, hawwe LTO Noard, BoerenNatuur en de Flinterstifting yn 2019 BIMAG oprjochte.

BIMAG groeit troch
Underwilens is it tal dielnimmers nei hûndert tellende agrariërs groeid. Sûnt 2019 binne der hast 21.000 nachtflinters teld. Wat de deiflinters oangiet binne der yn totaal no goed 8.500 teld, wêrfan mear as 5000 yn 2021. De tellingen jouwe byinoar in hieltyd better byld no’t de lanlike sprieding tanimt en de earste dielnimmers rigen fan al fjouwer jier opbouwe. Yn alle tolve provinsjes dogge ûnderwilens flintertellende boeren út ûnderskate sektoaren mei. Fan fruitkweker oant melkfeebedriuw, gongber en biologysk; der is in protte belangstelling. Dit jier starten bygelyks ek in rekreaasjepleats en in regeneratyf lânboubedriuw. Boeren en túnkers binne tige entûsjast oer it ynsektemonitoaringsprogramma en drage graach oan in better ynsjoch yn bioferskaat by.

Oer it projekt
BIMAG is in mearjierrich projekt, úteinset yn 2019. It projekt is mooglik makke mei finansiering fan it Ministearje fan LNV. Troch it tellen krije agraryske ûndernimmers better ynsjoch yn hokker maatregels in posityf effekt op dei- en nachtflinters hawwe.

Mear ynformaasje is te finen op www.vlinderstichting.nl/bimag en www.ltonoord.nl/bimag.

maaie 26, 2022 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.