Binne Mosk: “Een tevreden roker is geen onruststoker”

maaie 5, 2022 12:00

Kollum

Yn 2021 smookte noch tweintich persint fan de Nederlânske befolking en 90% dêrfan is ferslave. Ferslaving betsjut dat de brûker gjin kontrôle oer it al of net brûken fan in stof hat. Dat smoken dat moat! Tabak is – neist heroïne, dat ek njoggentich prosint skoart – ien fan de slimst ferslaavjende stoffen. Minsken dy’t besykje om mei smoken op te hâlden, slagje dêr meastal net yn.

Wy hawwe tsien miljoen brûkers fan alkohol. Krekt ûnder de trije persint fan harren is ferslave. Dat binne der dus sa’n twahûnderttachtichtûzen. De maatskiplike skea fan ferslavingen is grut, mar dreech te mjitten. It kostet in protte. Oan de oare kant bringt de aksyns op tabak en alkohol in soad jild op en libje smokers trochinoar hinne nommen acht jier koarter. Dat is finansjeel tige oantreklik foar de skatkiste en de pensjoenfûnsen. Dus om it jild foar de mienskip hoecht men it net te litten.

Ferslaving is in harsensykte dy’t ûntstiet as gefolch fan it brûken. It feit dat ferslaving in sykte is, kin ôflaat wurde út in tal ûndersiken yn de ôfrûne jierren. Ferslaving feroaret gebieten fan ’e harsens oantoanber. Fjouwer faktoaren binne wichtich. Yn it foarste plak giet it om de beskikberens fan de middels. Dat is mei tabak en alkohol alhiel gjin probleem. Dan is de iene mear gefoelich foar in ferslaving as de oare. Fierder binne minsken mei ympulsyf gedrach kwetsberder en erflike faktoaren kinne ek in rol spylje. By alkoholferslaving falt de apel soms net fier fan de beam.

Yn it ûnderwiis wurdt yn it ramt fan it befoarderjen fan sûn libjen omtinken jûn oan de gefaren fan ferslaavjende stoffen. Al yn de santiger jierren wie it dokter Meinsma dy’t lesbrieven publisearre oer de gefaren fan it smoken. Der is by it bestriden fan ferslavingen spesjaal omtinken foar immens fermidden. It binne ommers freonen dy’t in soad ynfloed hawwe yn de kwetsbere puberteit. Gelokkich wurdt de tolerânsje foar it smoken hieltyd lytser. “Een tevreden roker is geen onruststoker.” Dat is al lang net mear sa. Krektoarsom.

Akseptaasje foar oare ferslavingen fariearret en is tige ôfhinklik fan de maatskiplike en persoanlike skea dy’t feroarsake wurdt. De negative effekten fan alkoholmisbrûk binne oantoanber. Salang’t de maatskippij ferslaving oan alkohol goedkart, sil it net maklik wêze om jongelju fan it drinken ôf te hâlden. As heit en mem it iene nei it oare gles drinke, kin de skoalle net folle bydrage oan ferantwurde gedrach. Gelokkich hat út ûndersyk bliken dien dat nei lang ûnthâlden alhiel better wurden fan in ferslaving mooglik is. Tsjoch.

De tegel is útferkocht, alteast by bol.com.

maaie 5, 2022 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.