Bier drinke om Oekraïne te stypjen

maaie 10, 2022 08:39 Fernijd

Grutte en lytse bierbrouwerijen besykje mei ferskate aksjes Oekraïne te stypjen. De aksjes draaie allegear om itselde idee: troch spesjaal bier te keapjen, helpe bierdrinkers de befolking fan Oekraïne.

Foto: pixabay.com

Ien fan de grutste bierbrouwers yn ’e wrâld, AB Inbev, broude de ôfrûne wiken yn Leuven bier dat gewoanwei yn Oekraïne makke wurdt: Chernigivske. Yn Leuven binne in lytse twa miljoen blikken Chernigivske produsearre. It is it populêrste pils fan Oekraïne en ôfkomstich út de stêd Tsjernihiv yn it noarden fan it lân. Yn it begjin fan de oarloch waard de stêd ferskate kearen troch Russen bombardearre.

Trije brouwerijen yn Oekraïne binne eigendom fan AB Inbev. Fanwege de oarloch leit it wurk stil. It bedriuw besleat de produksje nei Leuven te ferpleatsen en ferkeapet it bier de kommende moannen ûnder mear yn Nederlânske supermerken en kafees. De opbringst giet folslein nei goede doelen, ûnthjit it bedriuw. Der wurdt ynset op in donaasje fan op syn minst fiif miljoen euro.

By lytsere brouwerijen binne ek ferskate aksjes úteinset ûnder de namme Brew for Ukraine. It idee is om in spesjaal bier te brouwen dêr’t de opbringst fan nei goede doelen giet. Yn België dogge dêr ferskate brouwerijen oan mei, yn Nederlân hat him foarearst ien brouwerij oansletten, De Man út Tilburch. Dat wurket by it brouwen foar Oekraïne gear mei in Belgyske brouwerij.

Yn Grut-Brittannië dogge tsientallen brouwerijen oan de aksje mei, yn België in hânfol en yn Nederlân dus ien.

maaie 10, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.