Berneboekewikegeskink ‘De waanzinnige boomhut’ ferskynt ek yn it Frysk
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, kriget ek in Fryske fertaling. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan de Berneboekewike dat der in Fryske fariant fan ferskynt.

Boarne: Utjouwerij Lannoo
Boeken fan Fryslân hat Martsje de Jong ree fûn om de oersetting op har te nimmen. Se hat al gâns Fryske oersettingen fan ferneamde berneboeken op har namme stean, sa as û.o. fan De GVR, Karlsson van het dak en Pippi Langkous. Foar har oersetting fan De GVR waard se foardroegen foar de IBBY Honour List (IBBY = International Board on Books for Young people). De Fryske ferzje fan it Berneboekewikegeskink kriget de titel: Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta!
Martsje de Jong fûn it in eare dat sy de oersetting dwaan mocht: “De Waanzinnige boomhut-boeken binne sa humoristysk dat it foar my in feest wie om it nei it Frysk oer te setten. Foar it stimulearjen en befoarderjen fan de Fryske taal is it ûntsettend belangryk dat der leuke Fryske berneboeken ferskine. Ik bin bliid dat bern mei dizze Fryske oersetting wer de kâns krije om it plezier fan Frysk lêzen te ûntdekken.”
De Berneboekewike/Kinderboekenweek (in kampanje fan de CPNB) wurdt holden fan woansdei 5 oktober oant en mei snein 16 oktober 2022. By besteging fan op syn minst € 15,00 oan berneboeken kriget men it Nederlânsktalige of it Frysktalige boekewikegeskink der fergees by.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje