Belied Fryske greidefûgelbeskermers sukses foar behâld fûgels yn Nederlân
Resint ferskynd

Foto Provinsje Fryslân
In brede delegaasje fan Fryske greidefûgelbeskermers biedt hjoed om kertier oer ienen de Twadde Keamer de evaluaasje fan it Fryske greidefûgelbelied 2014-2020 oan. Alhoewol’t it net goed mei de greidefûgels giet, is der wol ferbettering te sjen yn gebieten dêr’t oan agrarysk natuerbehear dien wurdt. Greidefûgelbehearders sjogge kânsen om de greidefûgels yn Nederlân te behâlden. Sy steane efter it skrieze-oanfalsplan en freegje de Keamerleden om dat plan yn de kommende tiid in kâns fan slagjen te jaan.
It Oanfalsplan giet út fan behearkontrakten fan op syn minst tolve jier mei boeren. Sokke kontrakten – mei de dêrby needsaaklike finansjele middels – binne der no net, mar se binne fan grut belang om boeren oer de streek te heljen om greidefûgelbehear yn harren bedriuwsfiering op te nimmen. Dêr moat haast mei makke wurde. Dêr giet it om.
Sjoch it evaluaasjerapport en de gearfetting yn De Levende Natuur
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje