Amtners en oaljebedriuwen wurken gear om gaswinning Grinslân trochgean te litten

maaie 28, 2022 22:50

Amtners op it ministearje fan Ekonomyske Saken hawwe derfoar soarge dat ynformaasje oer de risiko’s fan gaswinning yn Grinslân net iepenbier makke waarden. It ministearje hat derfoar soarge dat guon ynformaasje earder trochspile waard oan de trije grutte oaljebedriuwen Shell, ExxonMobil en NAM as oan de Twadde Keamer. Dy bedriuwen hawwe nau mei it ministearje gearwurke en dat hat der mooglik foar soarge dat de gaswinning ynstee fan fermindere just fermeardere is nei’t de bedriuwen oer de risiko’s hearden.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de NRC en it Dagblad van het Noorden. De twa kranten hawwe fertroulike dokuminten fan it ministearje ynsjoen.

It steatstafersjoch op ‘e minen hie yn 2013 de relaasje tusken de gaswinning en ierdskokken as wierskynlik ynskat en de minister oanret om de gaswinning fuortendaliks safolle mooglik te beheinen. Under ynfloed fan de trije grutte bedriuwen hat doetiidsk minister fan Ekonomyske Saken Henk Kamp dat advys skoudere. De bedriuwen hiene de ynformaasje al earder as de minister.

Ferslaggen fan gearkomsten út dy perioade litte neffens de twa kranten sjen dat de trije bedriuwen en amtners fan it ministearje in soad kontakt mei-inoar hiene en mei-inoar besochten om de gaswinning troch te setten. De bedriuwen hawwe neffens de kranten oan topamtners fan it ministearje frege om Kamp oan it twiveljen te bringen oangeande de konklúzje fan it steatstafersjoch op ‘e minen. Shell hat neffens de NRC sels besocht om in topamtner safier te krijen dat er Kamp oanriede soe om de ynformaasje net mei de Twadde Keamer te dielen.

Doe’t it KNMI ta deselde konklúzje kaam as it steatstafersjoch op ‘e minen, hawwe de amtners en de bedriuwen besocht om ôf te praten hoe’t se dy yn ‘e media ôfswakje koene, sa skriuwt de NRC. De krante skriuwt dat de bedriuwen it ministearje suggerearre hawwe om it KNMI te fertellen hoe’t dat oer de risiko’s fan de gaswinning foar Grinslân skriuwe moatte soe.

Nei’t de minister besletten hat om mear ynformaasje te garjen foar’t er in beslút nimme soe, hat de NAM de gaswinning tige fergrutte. Dat wie gjin needsaak, skriuwt de NRC, mar it waard dien “wegens aantrekkelijke commerciële mogelijkheden”. De NAM wist op dat stuit al lang fan de risiko’s. De amtners fan it ministearje fan Ekonomyske Saken wisten der ek fan. Dochs hat premier Mark Rutte yn 2018 tsjin de Twadde Keamer sein dat de oerheid net bewust ekstra risiko’s nommen hawwe soe.

maaie 28, 2022 22:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.