Amerikaanske folksfertsjintwurdigers meie tenei kedize oer weimasterjen frucht
Resint ferskynd

In protte ynwenners fan it Noard-Amerikaanske lân Feriene Steaten binne op ien ein. De heechste rjochtbank yn it lân wol dat de folksfertsjintwurdigers yn de fyftich dielsteaten dy’t it lân ryk is, beslute kinne oft yn harren steat de saneamde abortus provocatus, it weimasterjen fan in frucht, tastien is.
Yn it ferline hawwe rjochters de dielsteaten ferbean om wetten te meitsjen dy’t it folslein ferbiede om de jongwivigens ôf te brekken, al meie se wol guon betingsten stelle. Neffens de notiidske rjochters is der lykwols in juridyske flater makke en kin lanlike rjochters de dielsteaten sa’n ferbod net oplizze.
Oft it giet om it beheinen fan in grûnrjocht of om it fergrutsjen fan ‘e demokrasy, dêr wurdt yn ‘e Feriene Steaten no wakker oer hottefile. Tsjinstanners fan it rjochterlike stânpunt ferwite de rjochters dat se har oan polityk bekweadigje.
De rjochters hawwe nammers noch net formeel fonnisse. It nijs oer it stânpunt fan ‘e rjochters is troch de krante Politico buorkundich makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje