Abe de Vries: Titus Brandsma – apostel fan in selskrityske sjoernalistyk

maaie 24, 2022 12:42

Skôging

Op 10 maaie dit jier, fiif dagen foar de hillichferklearring fan Titus Brandsma, gie der in brief nei de paus, ûnderskreaun troch mear as sechstich roomske sjoernalisten en Fatikaan-korrespondinten, mei de fraach om Brandsma oan te wizen as beskermhillige fan de sjoernalistyk. Safier is it net kommen, mar yn it ramt fan aktuele diskusjes oer de (ûn)winsklikheid fan beheiningen oan it frije wurd fertsjinnet it idee wol omtinken.
De wrâld, sa stelle dizze sjoernalisten, hat driuwend ferlet fan in hillige foarsprekker ‘in deze tijden van desinformatie en polarisatie’. Mar dan wol in foarsprekker, sa soe ik dêr graach mei klam oan taheakje wolle, dy’t net pleitet foar sensuer, mar foar mear selskrityk yn de sjoernalistyk.

‘Vrede en vredelievendheid’
Ien fan Brandsma syn nijsgjirrichste teksten op dit punt is de rede dy’t er op 11 novimber 1931 yn de Dimter Berchtsjerke hold. Dy gie ûnder de titel ‘Vrede en vredelievendheid’. Dêryn lei er de klam op de yndividuele ferantwurdlikheid fan de minske om him ôf te freegjen wat goed en kwea is. Hy sprekt ús streekrjocht oan: “En wij, die midden in de wereld staan, wij die meer dan we onszelve bewust zijn, worden beheerscht door de publieke opinie om ons heen, laten we ons eens afvragen, of ook wij wel worden geleid door de juiste voorstellingen van hetgeen de vrede in de menschelijke samenleving eigenlijk inhoudt.”

Mei oare wurden, der kin spanning wêze, in mooglike tsjinstelling, tusken de ynfloed dy’t de publike opiny op ús útoefenet en de ‘juiste voorstellingen’ dêr’t elk nei stribje en libje moatte soe. It ‘laten we ons eens afvragen’ is in oantrún ta yntrospeksje. Sadwaande beweecht Brandsma him fan de algemiene miening en de publike opiny wei, nei de yndividuele opdracht ta om te sykjen nei de ‘juiste voorstellingen’. Dat sykjen is lang net altyd maklik. Hiel nijsgjirrich jout er ek in idee fan wat yn syn eagen ien fan de belangrykste oarsaken is fan ús plichtfersaakjen en de geastlike betizing dy’t ús taakútfiering soms ûnmooglik makket. Dy oarsaak leit neffens him yn it neistribjen fan saaklik eigen belang troch oerhearskjende politike en sosjaal-ekonomyske aktoaren yn de maatskippij.

“De concentratie van het kapitaal”, seit er Marx suver nei, “de onverantwoordelijkheid van dengene, die het kapitaal verstrekt, voor hetgeen daarmede wordt gedaan, verscherpen den klassestrijd en scheppen een sfeer van haat en vijandschap tusschen groote groepen der bevolking, vooral omdat uit de bedrijven haast elk gevoel van liefde wordt gebannen, alles zakelijk wordt behandeld en naar het eigen belang afgewogen.” De gongbere namme foar ynformaasje dy’t ‘naar het eigen belang afgewogen’ is, en tasnien op de befoardering fan politike doelen, is propaganda.

Sa komt in matriks bleat te lizzen fan faktoaren of ympulsen dy’t mei-inoar ferbân hâlde, en dy’t op it funksjonearjen fan sjoernalisten ynwurkje: publike opiny, propaganda, ‘juiste voorstellingen’ en yndividuele ferantwurdlikheid. De dominânsje fan it eigen belang yn it kapitalisme makket dat de sjoernalist – en de kristen – him algeduerich ôffreegje moat wêr’t wierheid en werklikheid no krekt te finen binne. Parallellen tsjinje har oan mei de wize sa’t de lettere krityske mediasosjology it ideaal, of de fiksje, fan it frije wurd konfrontearre hat mei de manipulaasje fan massamedia troch oerheden en grutte bedriuwen.

Striders foar it frije wurd
Yn syn lêzing ‘Sjoernalisten as striders foar it frije wurd’ (Bert de Jong: Sjoernalisten as striders foar it frije wurd | It Nijs), holden op it Sieperda-sympoasium oer nijskultuer yn Fryslân, 8 april lêstlyn yn Ljouwert, skildere publisist Bert de Jong in byld fan de tsjintwurdige sjoernalist as in ferwoeden skiedsrjochter tussen ‘wier en ûnwier’. It ferskil dêrtusken is in boarne fan strideraasje. De Jong skriuwt: “Sjoernalisten wurde twongen om twa- of trijedûbeld te bewizen dat itjinge wier is dat mei eigen eagen sjoen is of dat de eigen earen heard hawwe. Sy moatte – mei yn guon gefallen as offer harren eigen libben – sa harren drege wurk dwaan.”

Gelokkich is der noch in grutte groep boargers, sa giet De Jong fierder, “dy’t feiten en ferhalen foar wier oannimme wol en dêrmei ek hoedet en noedet oer ús frijheid en yn it bysûnder dy fan it frije wurd. Mar der is ek in grutte groep dy’t ûnderstrûpt yn de kompleksiteit fan hjoeddeistige ynformaasjestreamen en fan harren ûngeloof in geloof makket. De ûntkenning fan de werklikheid is hast de grutste bedriging fan de sjoernalistike frijheid.”

Sûnder mis is sa’n betooch ynjûn troch de ynformaasjepanyk dy’t it Covid-belied yn Nederlân en ek om utens begelaat hat. Yn de driigjende anargy fan nepnijs trapet de skriuwer yn neifolging fan Twitter, Facebook en YouTube op ’e rem fan it frije wurd. Net om it te rêden, mar om de maatskiplike oardering te beskermjen tsjin de advertearre gaos dy’t ûntstean kin as in grut part fan de befolking it mei de oerheid en de macht net iens is. Fan dy tinkwize bliek al wat yn it brief fan de sechstich sjoernalisten, dêr’t se Brandsma neame yn ferbân mei ferlet fan wissichheid yn barre tiden fan nepnijs.

Mar de diskusje oer it frije wurd giet fansels fierder as histoaryske ynsidinten dy’t oangrypt wurde kinne foar syn beheining. It knappe fan Titus Brandsma syn tinken, tapast op ’e sjoernalistyk, is dat er njoggentich jier lyn al de sjoernalistike blik problematisearre ynstee fan fiksearre. Hy stelde just dat it dreech wêze kin om yn it geweld fan publike opiny en propaganda ‘juiste voorstellingen’ te formulearjen oer wierheid en werklikheid en jins eigen posysje dêryn. Altyd net slagget men yn dy opdracht. Altyd net hat men genôch ynformaasje foar in oertsjûgjend byld. Fale is minsklik. Faak is oanpassing en nuansearring nedich.

Wat men skriuwt, ís dus net by definysje wier, werklik of sels mar wierhaftich, ek al wol men it graach sa sjen. It mei op syn bêst in besykjen dêrta wêze, in oanset ta diskusje, de formulearring fan in perspektyf. It lit romte foar alternativen. En krekt dêryn bestiet de frijheid fan it frije wurd dêr’t Titus Brandsma foar stoarn is. Om’t er warskôge tsjin nazy-propaganda dy’t it ôfskaffe woe.

Ynformaasjemaatskippij
Hoewol’t alle jierren tsientallen sjoernalisten oer de hiele wrâld by de útoefening fan har fak komme te ferstjerren, is it wurk fan de grutte, grutte mearderheid yn de fakgroep fansels minder spannend of, sa’t jo wolle, minder foarbyldich of heldhaftich as de biografy fan Titus Brandsma suggerearje kinne soe. De moderne ynformaasjemaatskippij feroardielet de sjoernalist mear en mear ta de rol fan pion yn in ûneinich skaakspul, waans taak it is om yn grutte linen te yllustrearjen wat yn politike, ekonomyske of kulturele machtssintra úttocht is en bedoeld om nei ûnderen troch te drippen.

Sels kin de sjoernalist dêr it measte net oan dwaan. Hy wit it ek wol. Hy is him der goed fan bewust en makket der nei romte en nei fermogen it bêste fan. Sa stekt de ynformaasjemaatskippij op dit stuit yninoar, en dat hat syn oarsaken. Op syn minst in trijetal tsjinnet him oan: in ekonomyske, in technologyske en in politike oarsaak.

Earst: de neoliberale klam op rendemint, effisjinsje, kommersje en reduksje fan de publike sektor sûnt de njoggentiger jierren fan de foarige iuw. Dy hat makke dat de tradisjonele wurkjouwers fan de sjoernalist – kranten, blêden, nijsorganisaasjes – him hieltyd minder romte jaan kinne, minder tiid en minder kollega’s, om syn eigen ferantwurdlikheid yn it sykjen nei ‘juiste voorstellingen’ fan wierheid en werklikheid – de kristlike opdracht fan Titus Brandsma – wier te meitsjen.

Op it twadde plak hat de ferskowing, nei 2000, fan printparse, radio en telefyzje nei in divers en demokratisearre medialânskip fan sosjale media, vlogs, blogs, streams en gean mar troch, de sjoernalist berôve fan syn unisiteit. Jawis, hy hat wol folle mear ynformaasje as earder ta syn foldwaan, mar skiftsjen nimt tiid, tiid is jild, en hy is net langer mear it iennichste trochjoulûk, de offisjele fersprieder fan ynformaasje en mieningenen. All the news that’s fit to print wurdt all the news that’s fit to click. Hy moat stride mei oare media, oare ynformanten, oare ynformaasje. Dêrom hat er belang by in hechte, leafst kommersjeel fruchtbere relaasje mei de nijsprodusinten, i.e. mei de macht.

En as lêste: de kapasiteit, it fermogen fan politike en ekonomyske sintra om te beynfloedzjen en te foarmjen wat as wierheid en werklikheid sjoen wurdt, wêr’t oer praat wurde mei en wêr net oer, wat ta it discours heart en wat net, dat fermogen is, mei tanksij beide al neamde oarsaken, eksplosyf tanommen. Tsjin elke sjoernalist prate trije, fjouwer foarljochters of kommunikaasjemeiwurkers oan. Alle dagen. Soks leit pressy op syn yndividuele oardiel en oertsjûging. Sjoernalistyk dy’t in kommersjeel ynteressant berik hawwe wol, moat, itsij op gruttere of lytsere ôfstân, op haadpunten aginda’s folgje en prioriteiten befêstigje.

Aktuele betsjutting
Delset yn dat fjild fan krêften, besjoen yn it ramt fan sa’n maatskippij- en nijsstruktuer, kriget de betsjutting fan Titus Brandsma syn foarlibbe tinken oer it frije wurd neffens my it measte reliëf. “Laten we ons eens afvragen”, is it aktuele kearnboadskip fan syn lêzing út 1931, “of ook wij wel worden geleid door de juiste voorstellingen van hetgeen de vrede in de menschelijke samenleving eigenlijk inhoudt.”

Yn ús tiid is der ek genôch reden om dy gewissefraach te stellen. Allegeduerigen te stellen. Sjoernalisten sjogge lang net altyd mear, as it al ea sa west hat, mei eigen eagen of hearre mei eigen earen wat wierheid en werklikheid is. Faak sjogge en hearre sy – jo, ik ek – wat oaren, dy’t it betelje kinne, wolle dat se sjogge en hearre. En de goede ynterpretaasje en konklúzje wurde fergees meilevere. It hat nea oars west.

Mar no’t hieltyd gruttere massamedia tichter en tichter oankrûpe tsjin de macht, no’t nije technologyen as nea tefoarren grutskalige beynfloeding mooglik meitsje, mar ek alternative narrativen foaral yn sosjale media romte opeaskje, no freget de matriks fan Titus Brandsma mei syn klam op persoanlike ferantwurdlikheid ekstra twingend om omtinken fan sjoernalisten.

Want as har frije wurd net frij is fan publike opiny en propaganda, as it net los te sjen is fan maatskiplike prosessen, belangen en machtsferhâldingen, as wierheid en werklikheid foar in grut part makke wurde, dan steane sjoernalisten yn in demokrasy foar de taak om harsels, har fak en har publyk dêr rekkenskip fan te jaan. By alles wat se sizze, skriuwe of filmje. Goede sjoernalistyk, elke syktocht nei wierheid en wierhaftichheid yn ’e geast fan Sint-Titus, problematisearret (ek) himsels.

Abe de Vries is sjoernalist en einredakteur by it Friesch Dagblad. Yn dy krante stiet it kommende wykein in langere ferzje fan dizze skôging yn it Hollânsk.
maaie 24, 2022 12:42
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. sybren maaie 26, 18:14

    In  skôging dy’t ta neitinken oanset. De Vries seit  yn wêzen dat ‘De wierheid’ net bestiet-mei iens-mar wer in sels krityske sjoernalist wol nei sykje moat, wittende dat it berikken der fan moeilijk wurde sil. En as ik syn stik goed begrepen haw, is de wiere geast fan Titus Brandsma dat jin as yndividu je dy beheining kinnen en der nei hannelje.
    Dan folget in wisse beskiedenheid fansels.

  2. joute d graaf maaie 26, 21:22

    Hjir is Abe op dreef mei syn analyse oer it frije wurd en de bedrigingen dêrfan troch de tiden hinne.
    In knap skreaun stik

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.