Ynterfryske frouljusmoeting yn Eastermar fan 13 oant 16 septimber 2022

april 25, 2022 10:16

Fan 13 oant 16 septimber 2022 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. Dat twajierlikse barren is diskear yn in groepsakkomodaasje yn Eastermar, yn ús, Westerlauwersk, Fryslân. It dielnimmen stiet iepen foar froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân.

Kleastermar (boarne: Fryske Rie)

In nijsgjirrich programma is gearstald troch in wurkgroep út de Fryske Rie, oanfolle mei twa froulju út Vrouwen van Nu Friesland. Sa stiet der in besite oan de Sweach op it programma, û.o. nei de Tropyske Kas, in bisite oan it Skútsjemuseum yn Earnewâld en in fartocht troch de Alde Feanen. Jûns wurdt der soarge foar ferdivedaasje mei sjongen en it fertellen fan ferhalen. Mei-inoar yn ‘e kunde komme en útwikseling fan ûnderfinings én geselligens stiet dizze dagen foarop. Sjoch foar it folsleine útwikselprogramma, en www.fryskerie.frl en op facebook.com/fryskerie.

Opjefte foar froulju dy’t belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Oanmelde kin oant 1 juny 2022 by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl. Mear ynformaasje kin ek fia dat e-mailadres opfrege wurde. De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. Fan West binne diskear ek de froulju fan it Westfries Genootschap yn Westfryslân (NH) útnûge.

De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân organisearre. Dat is dit jier fan 20 oant en mei 22 maaie. Yn 2021 koe it trijejierliks Ynterfrysk Kongres fanwege koroana net trochgean, no wurdt dat trijejierliks kongres oanslutend oan de frouljusmoeting yn septimber 2022 yn Fryslân hâlden.

Besjoch it programma fan de Frouljusmoeting 2022.

april 25, 2022 10:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.