Yn ’e loft fan fleantúch wikselje giet mis

april 26, 2022 08:08

De Amerikaanske loftfeartautoriteit docht ûndersyk nei in stunt fan de Red Bull Air Force. Twa piloaten soene yn ’e loft fan fleantúch wikselje. Dat mislearre en dêrnei stoarte ien fan de fleantugen del yn ’e buert fan Eloy, in plakje yn de steat Arizona. Net ien rekke ferwûne.

Foto: morguefile.com

De stunt moast de earste fleantúchwiksel yn ’e skiednis wurde. De piloaten sprongen op fjouwer kilometer hichte út harren fleantúch en besochten it oare te berikken om dêrnei wer efter it stjoer te krûpen. Ien fan de tastellen begûn yn ’e rûnte te giseljen en stoarte del.

Besjoch in filmke fan de stunt.

Red Bull hie tastimming foar de stunt frege, mar de loftfeartautoriteit hie dy net ferliend. Mei’t Red Bull dochs trochset hat, rint der no in ûndersyk. Dat kin op in boete of it ferliezen fan de fleanfergunning útrinne

Neffens de Federal Aviation Administration lâne de piloat fan it delstoarte fleantúch feilich mei syn parasjute. De oare piloat krige wol kontrôle oer it twadde fleantúch en sette it oan ’e grûn, berjochtet parseburo AP.

april 26, 2022 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.