Will Smith lûkt him werom as lid fan Oscar-organisaasje nei klap
Resint ferskynd
Will Smith hat him weromlutsen as lid fan The Academy of Motion Picture Arts & Sciences, de organisaasje efter de Oscars.

Foto: Wikipedia/BDS2006 (talk) – CC BY-SA 3.0
By de útrikking fan de prestisjeuze filmprizen ôfrûne snein sloech er presintator Chris Rock foar de holle nei’t dy op it poadium in grap oer Smiths frou makke hie. De Akademy sei tongersdei dat in tuchtproseduere tsjin de akteur rint. Smith hong dêrom al boppe de holle dat er tydlik útsletten wurdt.
Yn in ferklearring seit de akteur dat er “alle fierdere konsekwinsjes dy’t de ried fan bestjoer passend achtet akseptearje sil. Myn hanneljen wie skokkend, pynlik en net te ferjaan.” Hy fynt dat er it betrouwen fan de Akademy skeind hat. “Ik haw oare nominearre kandidaten en winners de kâns ûntnommen om harren bûtenwenstige wurk te fieren. Myn hert is brutsen.”
Smith seit dat it omtinken wer útgean moat nei “dejingen dy’t dat fertsjinje foar de prestaasjes dy’t se levere hawwe”. Hy is ek fan betinken dat de Akademy him wer dwaande hâlde moat mei “it bysûndere wurk dat er docht om kreativiteit en keunstnerskip yn film te stypjen.” Hy einiget syn ferklearring mei “feroaring kostet tiid en ik wol derfoar soargje dat ik nea wer tastean dat geweld de rede ynhellet.”
Moandei bea de akteur al syn ekskuzen oan Rock op yn Instagram-side oan. “Ik wol graach publyklik myn ferûntskuldigingen oanbiede oan dy, Chris. Myn hâlden en dragen wie ûnfoech en ik siet ferkeard. Ik skamje my”, skreau er doe.
Lid wurde fan de Akademy kin allinnich op útnûging en is yn prinsipe libbenslang. Leden meie mei bepale wa’t in Oscar wint. No’t Smith syn lidmaatskip opsein hat, mei er net mear meistimme. Smith kin yn de takomst wol wer foar in Oscar nominearre wurde.
Lês ek dizze berjochten fan It Nijs:
www.itnijs.frl/2022/03/will-smith-slacht-komyk-chris-rock-foar-holle-by-oscarutrikkingen;
www.itnijs.frl/2022/03/will-smith-seit-sorry-tsjin-chris-rock-op-instagram.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje