Wetterskorpioen is ynsekt fan it jier

april 11, 2022 08:26

De wetterskorpioen is útroppen ta it ynsekt fan it jier. It bistke krige 53 persint fan de stimmen yn de ferkiezing dy’t organisearre waard troch Taxon Foundation, EIS kennissintrum ynsekten en de Nederlânske Entomologyske Feriening. De útslach waard sneon buorkundich makke yn it NOS Radio 1 Sjoernaal troch entomolooch en inisjatyfnimmer fan de ferkiezing Aglaia Bouma.

Wetterskorpioen (foto: Wikipedia/James Lindsey – CC BY-SA 3.0)

De wetterskorpioen liket op in skorpioen, mar is it net. It bist, mei de Latynske namme nepa cinerea, is in wants. Fierder is de sturt, dy’t faak omheech rjochte is, eins gjin sturt mar in soart snorkel. Dêrmei sykhellet it bistke wylst er by de oeren del krekt ûnder it wetteroerflak sit. Wetterskorpioenen binne ôfhinklik fan wetterplanten. Dêr kinne se har oan fêstgripe, want it binne minne swimmers.

Frou Bouma tinkt dat foaral de oprop fan kabaretier Pieter Derks derfoar soarge hat dat de wetterskorpioen de ferkiezing wûn hat. Alle nominearre ynsekten waarden oan in bekende Nederlanner keppele, dy’t as ambassadeur foar it ynsekt optrede. Derks fertelde ferline wike yn it telefyzjeprogramma Avondshow Stand-ups fan Arjen Lubach dat de wetterskorpioen oeral op ’e wrâld stekmiggen yt dy’t malaria en it westnylfirus ferspriede. Dêrks sei dêroer dat de wetterskorpioen dêrom op it stuit mear oan firusbestriding docht as minister fan Folkssûnens Kuiper.

De ferkiezing is holden om it minne imago fan ynsekten te ferbetterjen. Frou Bouma hat sels net stimd, mei’t se ienfâldichwei gjin kar meitsje koe. Nei de wetterskorpioen einige de feanmol, in imereftich ynsekt, op it twadde plak yn de ferkiezing. It sândakje, dat op in nachtflinter liket, einige as tred.

april 11, 2022 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.