Waarpraatsje: Gjin maitiidswaar

april 29, 2022 19:15

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wol de lêste dagen net rjocht mei it waar. It is skier en oan ’e kâlde kant, en dat bliuwt yn it wykein ek sa.

Freedtenacht is de loft berûn en der soe in buike falle kinne. De wyn komt út it noarden en is swak mar by de kust lâns matich. It wurdt 4 graden.

Sneon is it wer de hiele dei skier mei kâns op in lytse bui. Yn ‘e middei is in glimp fan ‘e sinne net hielendal útsletten, mar de kâns is net grut. Mei 11 graden is it te kâld foar it ein fan ‘e gêrsmoanne.

Snein sil it mei in swakke noardeastewyn ien of twa graden waarmer wurde, mar mear as 13 graden sit der net yn. De kâns op wat sinne is in bytsje grutter, mar it grutste part fan ’e dei is de loft, nei alle gedachten, berûn.

Takomme wike feroaret der net folle.

Jan Brinksma

april 29, 2022 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.