Universiteit Harvard komt mei opbetterfûns slavernij
Resint ferskynd
De prestisjeuze universiteit Harvard yn de Feriene Steaten hat oankundige dat dy hûndert miljoen dollar (sa’n 94 miljoen euro) yn in opbetterfûns ta kompensaasje fan it slavernijferline stekke wol. De universiteit wol dat it jild ûnder mear nei ûnderwiis oer de slavernij en ûndersyk nei it ûnderwerp giet.

Harvard Law School (foto: Wikipedia/© 2004 Joseph Barillari – CC BY-SA 3.0)
De oankundiging komt nei it ferskinen fan in wiidweidige ynterne evaluaasje fan de rol fan de universiteit by de slavernij. Ut it rapport docht ûnder mear bliken dat meiwurkers fan Harvard op syn minst santich persoanen, mar nei alle gedachten noch mear, ta slaaf makken. Dat barde fan de oprjochting fan de ynstelling yn 1636 ôf oant 1783, doe’t de slaverij yn de steat Massachusetts ferbean waard.
“Ta slaaf makke manlju en froulju tsjinnen foarsitters en perfesters fan Harvard en fieden en soargen foar Harvard-studinten”, stiet yn ’e evaluaasje. Nei de formele ôfskaffing profitearre de universiteit noch fan de slavernij, bygelyks tanksij donaasjes fan slavehannelers.
Harvard is net de iennige ûnderwiisynstelling yn de Feriene Steaten dy’t jild beskikber stelt foar sa’n doel. De Georgetown University yn Washington rjochte ek in helpfûns fan hûndert miljoen dollar op. Dat jild kaam te’n goede oan de neiteam fan ta slaaf makke minsken dy’t yn de njoggentjinde iuw troch de eartiids elitêre Jezuïteskoalle ferkocht waarden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje