Unike lokaasjes en bysûndere wenhuzen yn Ljouwert foar ien kear iepen op 4 maaie

april 30, 2022 08:39 Fernijd

Op woansdei 4 maaie geane, by gelegenheid fan Iepen Joadske Huzen & Huzen fan Ferset, normaalwei sletten doarren fan huzen en bysûndere lokaasjes yn Ljouwert iepen. In moaie moogheid om wat fan de oarlochsferhalen efter de Joadske skoalle, it Joadske begraafplak, de eardere synagoge en ferskate wenhuzen yn By de Put gewaar te wurden.

Bern by buertfeest By de Put, likernôch 1915-1920 (boarne: HCL)

Oan ’e hân fan persoanlike oantinkens, bylden en muzyk wurde eardere bewenners betocht. Mei in ynteraktyf programma op de ferskate plakken wurdt in oanset ta petear en refleksje jûn. Yn in mobile kofjebar yn de A.S. Levinssonstrjitte, njonken de Joadske skoalle, skinkt Grand Kafee Z fergees kofje oan besikers dy’t neiprate wolle. Der is in spesjaal omtinken foar it nij-oprjochte Joadske nammemonumint by in betinking yn gearwurking mei Befrijingsfestival Fryslân.

It programma duorret fan 13.00 oant 17.00 oere en is fergees tagonklik. It folsleine programma is op www.openjoodsehuizen.nl te besjen.

april 30, 2022 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.