Undersyk: hast ien op de tsien folwoeksenen yn Fryslân is skieden

april 7, 2022 10:53

Yn 2021 wie 9,1% fan de folwoeksen Friezen skieden. Wol ferskilt it skiedingspersintaazje bot fan gemeente ta gemeente. Op Skiermûntseach hat sels 12,6% fan de folwoeksenen in echtskieding efter de rêch. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan de resintste skiedingsdata fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

Skiermûntseach (boarne: Wikipedy/Patlo (eigen wurk) – CC BY-SA 3.0

It Fryske skiedingspersintaazje leit wat leger as de lanlike trochsneed fan 9,3%. Nei ferhâlding wenje yn Flevolân en Limburch de measte skieden minsken (10,1%). It skiedingspersintaazje is it leechst yn Oerisel (8,1%).

Yn 2021 wiene der yn Nederlân 11,6% minder echtskiedingen as yn 2020. Ferline jier waarden 25.600 houliken ûntbûn, in jier earder wiene dat der hast 29.000. “It bliuwt fansels rieden hoe’t it komt dat der minder minsken skieden binne. In reden kin de krapte op ’e wenningmerk wêze”, seit Marga Lankreijer, hypoteekekspert fan Independer.

Gemeentlike útsjitters: Skiermûntseach en Dantumadiel
It tal skieden ynwenners yn de ferskillende gemeenten is wakker ûngelyk. Nei ferhâlding wenje yn Fryslân de measte skieden minsken op Skiermûntseach. Op dat Waadeilân is sels 12,6% fan de ynwenners skieden. De top-5-gemeenten yn Fryslân mei it heechste skiedingspersintaazje binne:

  1. Skiermûntseach (12,6% fan de folwoeksenen is skieden)
  2. Harns (11,1% fan de folwoeksenen is skieden)
  3. Ljouwert (10,1% fan de folwoeksenen is skieden)
  4. It Hearrenfean (10% fan de folwoeksenen is skieden)
  5. Smellingerlân (9,8% fan de folwoeksenen is skieden)

Oan ’e oare kant fan it spektrum spant Dantumadiel de kroan. Dy gemeente hat nammentlik it leechste skiedingspersintaazje fan Fryslân: 6,6% fan de ynwenners.

Persintaazje skieden ynwenners sakket mar yn fjouwer gemeenten
It oanpart skieden ynwenners rûn ferline jier yn mar fjouwer gemeenten tebek. It skiedingspersintaazje naam ôf yn Opsterlân en op It Amelân, Flylân en Skylge. Yn de gemeenten It Hearrenfean en Ljouwert bleau it skiedingspersintaazje gelyk en yn de oare alve Fryske gemeenten wie just in stiging te sjen.

Sjoch hjir hoefolle minsken skieden binne yn de ferskate gemeenten.

april 7, 2022 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.