Tydskrift DE NIJE wurdt fernijd

april 2, 2022 13:42

Sûnt de hjerst fan 2019 hienen alle jeften fan it Frysktalige tydskrift DE NIJE in spesifyk tema, lykas lânskip & ekonomy, iten & drinken en Fryslân & Europa, dat dan ek it ûnderwerp fan de measte artikels wie. Yn de nijste jefte wurdt dy opset loslitten. Noch ien kear is der omtinken foar in tema, diskear hobbys, mar beheinder. En tenei, sa skriuwt de redaksje yn it foaropwurd, komt der in ferskaat oan artikels yn in sortimint kategoryen foar yn it plak. 

De nije opset is makliker te organisearjen en de redaksje tinkt dat dy dúdliker en oantrekliker is foar de lêzers. Net elkenien hat ommers likefolle niget oan elts tema. Yn it maitiidsnûmer, dat krekt ferskynd is, is al úteinset mei de rubriken Lânskip, Doarp, Boekbesprek, Kultuer, Natuer en Sûnens.

Werom nei it plattelân

Sa skriuwt Anne-Goaitske Breteler foar de ôfdieling Lânskip oer jongerein dy’t weromtsjocht nei it plattelân:

“Doe’t ik de kar makke en yn 2019 nei Nes weromkaam, seach ik folle mear bern op ’e dyk. De winkels misten noch, mar tsjintwurdich biedt it doarp in breed skala oan bedriuwen. (…) It doarp groeit, stadichoan, en ik wie dat jier ien fan de mar leafst 380 ynwenners. Der is in nije trend geande. De kennisemigraasje rint net mear sa hurd as earder. In wichtich part fan de eardere klasgenoaten mei wa’t ik nei de stêd gie om te studearjen, tref ik wer yn de Dokkumer kroech. Se komme werom en wurkje soms noch foar in bedriuw yn ’e stêd, mar sykje ek harren eigen wurk. De jongerein siket der huzen, mar omdat elkenien der hillich yn leaude dat de krimp trochgean soe, is der amper romte.”

De Nesser skiep en lamkes wurde stadichoan wer mear beselskippe fan jongerein en bern; foto Arjen Dijkstra

Oer einen, ympressionisten, in âld eilân, antike auto’s en in nagelnije direkteur

Yn de rubryk Doarp in portret fan Ryptsjerk, ‘it doarp dêr’t protters op einen passe’. Kultuer kriget syn gerak mei Frânske ympressionisten yn it Fries Museum, dy’t dêr no te sjen binne. Natuer wurdt ynfolle troch de nije meiwurker Sake Roodbergen; dizze earste kear fertelt er oer Gaasterlân as âld eilân yn jonge omkriten. En yn it ramt fan it tema is der ûnder mear in artikel oer it ‘Museum van Oldtimer tot Kant’: in út de hân rûne hobby. Fierders is der in petear mei Houkje Rijpstra, de nagelnije direkteur fan Omrop Fryslân.

En der is noch folle mear: lykas wenst stiet DE NIJE wer grôtfol mei reportaazjes, fraachpetearen, skôgingen, kollums en ferhalen. Yn it Frysk; dêr is likemin wat oan feroare.

DE NIJE is te krijen yn boekwinkel, kiosk en bettere supermerk!

Stjoer foar it bestellen fan (eardere) losse nûmers in mail nei: denije@itnijs.nl.

Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.

Klik hjir foar in abonnemint.

DE NIJE wurdt útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging.

april 2, 2022 13:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben mulder april 2, 18:43

    De Nije is te krijen yn de bettere supermarkten. Diskriminaasje !~Dan binne der dus as je dit sa lêze ek minne supermarkten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.