Twaris safolle jild foar Dútske taalminderheden
Resint ferskynd
It minderhedesiktariaat yn Berlyn kriget tenei alle jierren in ton. Dat is twaris safolle as foarhinne. It jild wurdt brûkt om de Dútske taalminderheden te stypjen. Dat binne de Frysktalige bewenners fan Helgolân, Noard-Fryslân en Sealterlân, de Sorbyskpraters yn East-Dútslân, de Deensktaligen oan ‘e noardgrins en de praters fan it Romanes.
It ekstra jild komt der benammen troch in lobby-aksjes fan Stefan Seidler, dy’t as iennichste foar de partij SSW yn it Dútske parlemint sit. De SSW is oarspronklik de partij fan de Deensktalige en Frysktalige minderheid yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein, mar hy set him tsjinstwurdich foar alle minderheden yn. Ferline jier hat it minderhedesiktariaat in ynteraktive útstalling oer de taalminderheden opset. Dy is begûn yn it gebou fan it Dútske parlemint en sil de kommende pear jier troch Dútslân reizgje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje