Tritich persint mear publike laadpunten yn Fryslân, mar druk nimt ta

april 27, 2022 09:18

Begjin dit jier wiene yn Fryslân 721 publike laadpunten: sa’n tritich persint mear as yn 2021. Fan gemeente ta gemeente binne de ferskillen lykwols grut. Sa wie yn Súdwest-Fryslân sels in stiging fan 227%. Dochs wurdt it hieltyd drokker by de laadpeal, trochdat it tal elektryske auto’s folle flugger tanimt as it tal publike laadpunten. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan de resintste data fan de RDW en de RVO.

Foto: pixabay.com

Yn Fryslân waarden fan jannewaris 2021 oant jannewaris 2022 – relatyf sjoen – de measte nije laadpunten yn Súdwest-Fryslân set. It tal laadpunten gie dêr fan 22 nei 72. Yn de gemeenten It Hearrenfean (+100%) en Tytsjerksteradiel (+59%) wie ek sterke oanwaaks te sjen.

Measte iepenbiere laadpunten op Skylge
Op it stuit is it foar ynwenners fan Skylge nei alle gedachten it maklikst om in beskikbere en goed berikbere laadpeal te finen. Dêr binne de measte publike laadpunten op tûzen húshâldens: 16,2 yn totaal. Dat is folle mear as de provinsjale trochsneed fan 2,4 op tûzen húshâldens. De top 5 fan gemeenten yn Fryslân mei de heechste laadpunttichtens is:

  1. Skylge (16,2 publike laadpunten op tûzen húshâldens)
  2. It Amelân (5,1 publike laadpunten op tûzen húshâldens)
  3. It Hearrenfean (4,7 publike laadpunten op tûzen húshâldens)
  4. Flylân (4,3 publike laadpunten op tûzen húshâldens)
  5. Ljouwert (3,9 publike laadpunten op tûzen húshâldens)

Yn Opsterlân is just de grutste ynhelslach te meitsjen. Dêr is minder as ien publyk laadpunt op tûzen húshâldens. Sjoch hjir hoefolle publike laadpunten oft der yn jo gemeente binne: www.independer.nl/autoverzekering/info/onderzoek/laadpunten-elektrische-auto-2022.

Druk op publike laadpunten nimt ta yn Nederlân
Yn Nederlân is tusken jannewaris 2021 en jannewaris 2022 it tal iepenbiere laadpunten mei hast tritich persint tanommen. Nettsjinsteande dat is de druk op laadpeallen net ôfnommen. It tal elektryske auto’s op ’e dyk is nammentlik noch mear tanommen. Sa wie der begjin 2022 yn trochsneed ien laadpunt op 4,7 elektryske auto’s, wylst dat in jier earder noch dield waard troch 4,6 auto’s. Yn 2019 gie it noch om 2,2 elektryske auto’s op ien iepenbier laadpunt.

april 27, 2022 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.